Oentsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ferienings
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Oentsjerk is ûntstien op it sân fan de [[Trynwâlden]]. Yn de [[12e ieu]] hie it doarp al in tsjerkje fan dowestien, dy 't sirka [[1230]] troch de hjoeddeiske tsjerke ferfongen is. It doarp lei nei alle gedachten yn dy tiid by de tsjerke. Letter is it lykwols in lintdoarp de Wâlddyk bylâns wurden.
 
De sângrûn makke in boskgebiet mooglik. Ferskate aadlike geslachten hawwe dêrom by it doarp states mei grutte parken boud. Sirka [[1450]] waard benoarden it doarp [[Eysingastate]] boutboud, dat lykwols yn [[1759]] ôfbrutsen is. Sirka 1500 waard oan de eastkant fan it doarp [[Heemstra State]] oanlein, dat oant de santiger jierren fan de [[20e ieu]] bestien hat, mar doe ôfbrutsen is en ferfongen troch it âldereinsintrum [[Nij Hiemstrastate]]. Oan de noardein fan it doarp stiet sûnt yn alle gefallen de [[17e ieu]] [[Stania State (Oentsjerk)|Stania State]]. Benoarden fan de state rint in âld boskpaad, De Reade Singel, en steane de boskjes Grikelân en Turkije.
 
Yn it eastlik part fan de himrik ûntstie yn de 19e en 20e ieu in aparte buorskip, sûnt [[1948]] it selstannige doarp [[Mûnein]].
 
==Ferskaat==
*Yn Oentsjerk sit in ôfdieling fan PTC+.