Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Lütsen ynstee fan Lútzen
ûnderkopkes
Rigel 2:
'''Willem Loadewyk fan Nassau''', ''Us Heit'', ([[13 maart]] [[1560]], [[Dillenboarch]] - [[13 july]] [[1620]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]) wie [[greve]] fan [[Nassau]] en [[steedhâlder]] fan [[Fryslân]].
 
==Skiednis==
Willem Loadewyk is berne yn Dillenboarch as earste soan fan [[Jan fan Nassau]]. Hy wie dêrmei de omkesizzer fan [[Willem fan Oranje]]. Oant [[1577]] libbe er yn Dútslân; dat jier kaam er mei syn heit nei de Nederlannen. Yn [[1579]] waard er [[kolonel]] by it Nederlânske leger. Doe't [[Renneberch]] mei [[Grins]] yn [[1580]] foar Spanje keas, folge Willem Loadewyk dy yn [[1584]] op as steedhâlder fan earst [[Fryslân]] en letter ek [[Grinslân]], [[Drinte]] en [[Oerisel]], en fan 1580 oant [[1594]] focht er yn dêr tsjin Spanje.
 
Line 8 ⟶ 9:
Hy boaske [[25 novimber]] [[1587]] mei Willem fan Oranje syn dochter, [[Anna fan Nassau]], mar sy ferstoar noch net in jier letter. Nei de dea fan syn heit waard er yn [[1607]] greve fan Nassau. Om't er sels gjin bern hie gong dy titel nei syn dea oer op syn broer, [[Georg fan Nassau-Dietz]]. Syn broer [[Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz|Ernst Kasimir]] folge him op as steedhâlder fan Fryslân.
 
==Oar==
As earebetoan oan Willem Loadewyk waard op [[17 septimber]] [[1906]] in byld fan him ûnthuld op it [[Ljouwert (stêd)|Ljouwerter]] Hofplein. By de taspraak fan [[Lútsen Wagenaar]] wiene keninklike gasten oanwêzich. It byld is makke troch Bart van Hove en W.B.G. Molkenboer.