Auke Stellingwerf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Kategory
sin wat oars dien
Rigel 1:
'''Auke Andriesz Stellingwerf''' ([[1635]] - 13 juny [[1665]]) wie in Frysk [[admiraal]].
 
Auke wie de soan fan Andries Pietersz Stellingwerf, ekwipaazjemaster yn [[Harns (stêd)|Harns]]. Doe't syn âldere broer kaptein kapitein [[Freark Stellingwerf]] by de [[Earste Ingelsk-Nederlânske Oarloch]] yn de [[Slach by Ter Heijde]] finzen nommen waard, hat menwaard Auke yn [[1654]] as plakferfanger nei foaren skood. Yn [[1656]] wie hy sa kaptein op ''des Prinsen Wapen'' by it ûntset fan [[Gdansk|Danzig]]. Yn [[1658]] focht hy yn de [[Slach yn de Sont]] as kaptein fan de ''Prinses Albertina''. Op 31 augustus [[1662]] troude hy as ordinaris kaptein (ien fan de "gewoane" kapteins yn fêste tsjinst) mei Antie Stienstra.
 
Hjirnei gie it hurd mei syn karriêre. Yn [[1665]] wie der in soarte wedrin yn flagge-ofsieren tusken de ferskillende [[admiraliteit]]en en Auke waard op 17 maart fan dat jier beneamd ta earste luitenant-admiraal fan Fryslân. Lang hat hy net fan dizze funksje geniete kind. Yn de [[Slach by Lowestoft]] sneuvele hy as befelhawwer fan it fjirde eskader op de ''Zevenwolden'', noch gjin tritich jier âld. Hy waard opfolge troch [[Tsjerk Hiddes de Vries]] dy't in jier kletter sneuvelje soe yn deselde [[Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch]]. De twa wurde dêrom faak yn ien sike neamd as Fryske seehelden.