Ferskil tusken ferzjes fan "Roel Bergsma"

tikflaterke + ynterne ferwizings makke
(út it LC-argyf en de encyclopedie van F diel 1)
 
(tikflaterke + ynterne ferwizings makke)
'''Roel Bergsma''' ( [[Warten]], [[23 novimber]] [[1917]] - [[Terherne]] [[31 maart]] [[1988]]) wie in Terhernster ûnderwizer, dammer en revuskriuwer.
 
Roel Bergsma waard ûnderwizer oan de iepenbiere skoalle fan Terherne. Yn it doarpslibben hat er in ûnbidigen wurk fersetten. Sa boude hy as foarsitter de Terhernster VVV op. Yn it doarpsblêd [[Brio (doarpsblêd)|Brio]] hat er ûnder de namme ''Stikelstekker'' in soad kommentaar jûn. Ek de skûtsjesyljûnen yn [[De Buorkerij (doarpshûs Terherne)|De Buorkerij]] fan Terherne makke hy as in soarte fan seremoanjemaster suver ta in kabaretjûn.
 
Foar de skoalle begûn er mei it skriuwen fan Fryske revustikken. Namme makke er ek as skriuwer foar it [[Underwizerskabaret Mid-Fryslân]], in ploech ûnderwizers dy't sûnt [[1964]] de planken opgyng mei revustikken en sjongspullen. Foar in soad sport- en doarpsferienings skreau master Bergsma revu- en kabaretteksten. Sa brûkte kabaretselskip [[It Wâld (kabaret)|It Wâld]] teksten fan him.
 
Tritich jier wie Roel Bergsma foarsitter fan it Frysk Dambûn. Yn de [[Ljouwerter Krante]] hie er 25 jier in damrubryk. Hy wie de broer fan dammer [[Piter Bergsma]]. Hy publisearre ek faak oieroer it [[Frysk damjen]].
 
As redenrike amtner fan de boargerlike stân wie hy altyd aktyf op de Boerebrulloft op [[De Jouwer]].
19.909

bewurkings