Animisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynterne ferwizing
No edit summary
Rigel 4:
Hoewol’t animisme dus net allinne mar yn natoerreligys foarkomt, is it wol sa, dat it dêr ornaris fierder yn trochfierd is; sa leaut men bygelyks faak dat net allinne minsken, mar ek bisten, planten en libbenleaze dingen lykas stiennen, wetter, fjoer, wyn en rein, in siel of geast hawwe. Sokke geasten wurde natoergeasten neamd. Noch wer oare geasten belichemje net in beskate minske of plant of in beskaat bist of ding, mar binne goed of kwea en wurde ornaris beskerm- en kweageasten neamd.
 
Yn it leauwe fan ’e [[Yanomami]], fan noardwestlik [[Brazylje]] en súdlik [[Fenezuëla]], binne benammen de geasten fan ’e bisten en planten wichtich. Dy moatte te freon holden wurde troch seremoanjes dêr’t de dielnimmers, útslutend manlju, gebrûk by meitsje fan ferdôvjende middels. De [[Apajo]], út ’e noardlike [[Filipinen]], leauwe ûnder mear yn geasten dy’t allerhanne foarmen oannimme kinne, lykas dy fan minsken, bisten, reuzen en meunsters. De [[Kanaken]] fan [[Nij- Kaledoanje]] leauwe dat de geasten fan ’e ferstoarnen nei de dea grutte macht krije en dêrom tefreden holden wurde moatte. Se leauwe ek yn natoergeasten en bringe oan ’e hiele geastewrâld offers, om’t dêr neffens harren in sûn libben fan ôfhinget.
 
De [[Kree]], fan sintraal [[Kanada]], leauwe yn ’e ''chupi'', de geasten fan ’e ferstoarnen, dy’t sawol troch de bosken swalkje, as troch de loft reizgje kinne. It [[noarderljocht[[ neame se ''pahkukkar-nemichik'', “de dûns fan ’e sielen”. De [[Mentawaiers]], fan westlik [[Yndoneezje]], leauwe yn in grut ferskaat oan geasten, dêr’t dy fan ’e loft, de see, it wâld en de ierde it machtichst fan binne. Der binne ek twa wichtige riviergeasten: [[Ina Oinan]] is goed, [[Kameinan]] is kwea. De [[Xhosa]], fan [[Súd-Afrika]], leauwe dat immen troch hekserij yn besit nommen wurde kin troch ien of mear kweageasten. De gefaarlikste kweageasten binne de ''tokoloshe'', dy’t ornaris yn it wetter libje.
Rigel 10:
Neffens de [[Ibo]], fan súdeastlik [[Nigearia]], krijt immen syn ''chi'' of lot rjochtstreeks fan [[Chukwu]], de goede skepper. In deade jout syn ''chi'' werom om him dêrnei by de wrâld fan ’e foarâlden en oare geasten te foegjen. Dêrwei wekket er dan oer syn libbene neikommelingen. Mooglik keart er ienris werom nei de wrâld fan ’e libbenen mei in nij ''chi''. Dejingen dy’t in minne dea stoaren, bygelyks troch selsmoard of yn it kreambêd, waard lykwols eartiids in begraffenis ûntkeard; sy waarden yn it oerwâld smiten, dêr’t se omdoarmjende kweageasten waarden.
 
De [[Navajo]], út ’e [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] steaten [[Nij- Meksiko]] en [[Arizona]], leauwe yn it bestean fan twa soarten wêzens: it Ierdfolk, oftewol de minsken, en it Hillige Folk, machtige, mysterieuze en boppenatoerlike wêzens. Ek leauwe se yn in delikaat en brekber lykwicht fan it hielal, dat hanthavene wurde moat troch regels dy’t earbiedige wurde moatte troch beide Folken. Salang’t dat bart, is der feilichheid, oerfloed en harmony. At dat net sa is, as immen troffen wurdt troch sykte of ûngelok, dan wurdt it Hillige Folk yn spesjale, yngewikkelde seremoanjes frege it lykwicht werom te bringen.
 
By de [[Sûmbanezen]], fan súdlik [[Yndoneezje]], is it wichtichste barren yn in minskelibben it ferstjerren; dan foeget de minsk him nammentlik by de ûnsichtbere wrâld fan ’e ''marapu'', de geasten, dêr’t men de wrâld fan ’e libbenen wei beynfloedzje kin. De geasten fan ’e deaden wurde ''marapu mameti'' neamd. De libbenen kinne harren, en dan yn it bysûnder har eigen famyljeleden, oanroppe foar help, hoewol’t de deaden kwea oanrjochtsje kinne as se har ergerje. De ''marapu maluri'' binne de natoergeasten dy’t yn dy foarm skepen binne troch de goaden. Harren macht is konsintrearre yn beskate foarwerpen en op beskate plakken.