Rienck Bockema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Boarne: Encyclopedie van F, en de side oer strjitnammen fan de gemeente Snits
 
ynterne ferwizings
Rigel 1:
'''Rienck Bockema''' of '''Reinik Bockema''', ek wol ''Rewenich'', ( ± 1350 - [[Thabor]], [[29 febrewaris]] [[1436]] ) wie in Fryske [[haadling]] yn it gebiet om [[Snits (stêd)|Snits]] hinne. Hy wenne op de [[stins Rodenburch]].
 
Yn syn libben hat er fochten tsjin Litouwers en tsjin de Turken. Hy hat in pylgerreis makke nei Jeruzalem. [[Albrecht fan Beieren]] makke him om [[1398]] hinne ek noch [[baljuw]] fan Olde Waghenbrugghe, dat de hiele [[Súdwesthoeke]] omfieme (Wagenbrugge is Weinbrits woarn, fandêr de namme [[Wymbritseradiel]]). Hy krige dit baljuwskip fan greve Albrecht omdat se beide [[Fetkeapers|Fetkeaper]] wiene. Doe't de [[Skieringers]] yn 1400 súkses hiene binne in soad Fetkeaper eallju flechte nei [[Starum]], it lêste bolwurk fan greve Albrecht. Bockema wie tusken [[1399]] - [[1402]] balling yn Hollân. De [[stins]] Rodenburch is doe ferwoaste troch de [[Snits|Snitsers]].
 
Yn [[1406]] kaam Rienck werom en stifte it [[Kleaster Thabor]] by [[Turns]], wêr't hy yn [[1410]] sels yn gie. Hy waard opfolge yn syn rjochten as haadling troch syn skoansoan [[Agge Harinxma]].