Pestboskje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Boarne: artikel oer kowestjerte en runom
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
opbou wat feroare
Rigel 1:
In '''pestboskje''' is in boskje dêr’t fee bedobbe is dat deagien wie oan besmetlike [[kowestjerte]]. Dit koe de pest wêze, mar ek tongblier. In ekstra gefaarlike fariant fan in pestboskje is it myltfjoerboskje. De myltfjoerspoeren (antraks) kinne wol hûndert jier yn de grûn sitten bliuwe.

Meastentiids waarden de kadavers fier fan de pleats bedobbe, in ein it lân yn. Op sa’n plak moch nea wer fee rinne om nije besmetting foar te kommen en it waard dêrom safolle mooglik mijd. Omdat de wegen net sa goed begeanber wienen koenen de kadavers net ôffierd wurde. Meastentiids waarden de kadavers fier fan de pleats bedobbe, in ein it lân yn. Der waard dan in sleat om it begraafplak groeven, sadat it fee der net by koe. Op de ûntstiene eilantsjes mocht net mear weide of haaid wurde en se rekken dan meast fansels begroeid mei beammen as [[els]], [[esk]] en [[wylch]]. Yn dizze fegetaasje koe in spesifike fauna ûnstean. It hout waard wol as geriifhou brûkt lykas foar branje en peallen.
 
[[Kategory:Feehâlderij]]