Blauwe Wimpel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
Rigel 1:
De '''Blauwe Wimpel''' is de ûnderskieding foar it passazjierskip dat it fluchst de [[Atlantyske Oseaan]] oerstutsen hat. Foar de faazje wurde it [[Ambrose ljochtskip]] foar de kust fan New York, en [[Biskoprots]] oan de Ingelske súdwestkust as mjitpunten brûkt. Der waard net wier in wimpel trochjûn fan de iene winner nei de oare, mar de ûnderskieding wie it rjocht om in blauwe wimpel te fieren. Sa koe it wêze dat in skip by de oankomst nei de fluchste oerstek daalks in blauwe wimpel toande. Sa'n wimpel wie dan in slach fan lint dat oer de heechste punten fan it skip spand wie. It idee wie dan ek oernaam fan de blauwe linten foar priiswinners, sa't dy yn ferskate lannen takend wurde. Om de selde reden is der by it hurdsilen somtiden ek in [[blauwe wimpel]] foar de winner.
 
== Belang ==
De Blauwe Wimpel wie ynsteld yn de sechtiger jierren fan de [[19e ieu]] troch de skipfeartmaatskippijen sels. Harren belang wie dúdlik: dejinge dy't sizze koe dat er it fluchste skip hie, loek de measte passazjiers, net allinnich foar dat skip, mar ek foar de oare skippen fan de maatskippij. It jildlik belang wie sa grut dat de maatskippijen bij nije skippen der gau by wienen om nije technyken ta te passen. Dêrmei krige de Blauwe Wimpel ek in grut belang foar de skipfeartyndustry, dêr't de striid oansette ta it úttinken en ferbetterjen fan technyken, dy't dan letter ek yn oare skippen tapast wurde koenen. Dit is itselde soart fenomeen as by de nije technyken easke troch de [[romtefeart]], dy't dan letter ek troch oaren tapast wurde kinne.
 
==United States==
Mei de opkomst fan de loftferbinings is de lineskipfeart yn de twadde helte fan de [[20e ieu]] weromrûn. De United States waard noch boud mei it doel it fluchste skip ea te bouwen, mar foar lettere skippen gou dat net mear. De ''United States'' waard hâlder fan de Blauwe Wimpel, en sil dat ek noch wol in skoftke bliuwe. De [[Cunard Line]] hat by de bou fan de ''Queen Mary 2'' bygelyks ynset op lukse, en op de faazje fan de ''Queen Mary'', net op dy fan de United States. De United States is al hast in heale ieu hâlder fan de Blauwe Wimpel, en it liket dat dat net gau mear feroarje sil.
[[Ofbyld:KronprinzWilhelmPostcard.jpg|thumb|right|250px|''Kroanprins Willem'', 1901 (oansichtkaart)]]
 
== Hales Trofee ==
Yn [[1934]] waard troch de Ingelsman Sir [[Harold Hales]] in gouden trofee ynsteld foar de fluchste oerstek troch in motorisearre skip. Utsein wat lytse reglemintêre ferskillen wienen de hâlders fan Blauwe Wimpel dêrmei ek hâlders fan Hales Trofee. Hales woe lykwols befoardering fan de meganisaasje, en hie gjin boadskip oan passazjiers. Troch dit ferskil is de United States net langer hâlder fan de trofee: op de ein fan de 20e ieu hawwe in pear [[Katamaran]]s sûnder passazjierakkomodaasje noch fluggere oerstekken makke. De lêste en fluchste dêrfan wie op [[20 july]] [[1998]] de ''Cat-Link V''.