Spoar fan Ljouwert nei Starum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Fral wat skiednis oer it spoar
 
Aliter (oerlis | bydragen)
L - -
Rigel 16:
Al yn [[1863]] wienen der plannen foar in ferbining tusken Ljouwert en Starum, en yn [[1875]] waard by wet besletten ta de oanlis, mar it duorre oant [[16 july]] [[1883]] eart Ljouwert - Snits iepene wurde koe en oant [[8 novimber]] [[1885]] eart it hiele spoar iepene waard. Dat it earste stik troch de [[Nije lannen]] gean soe, wie daalks wol dúdlik, mar net of de rûte fia [[Boalsert]] of fia [[Snits]] moast. In oare komplikaasje wie de sêfte grûn yn de [[Súdwesthoeke]]. Ek wie der it ferskil fan ynsicht of de spoarwei in lokale ferbining wêze moast, of in trochgeande ferbining nei Hollân. Der waard úteinlik keazen foar beide. Der kamen tuskenstasjons yn [[Jellum-Boksum]], Mantgum, [[Boazum]], Snits, Drylts, [[Aldegea (Wymbritseradiel)|Aldegea]], Warkum, Hylpen en Molkwar, en yn [[1895]] kamen dêr noch [[Bears]], [[Jorwert]], [[Wiuwert]] en [[Skearnegoutum]] by. Mar der kaam ek in boatferbining fan Starum nei [[Enkhuzen]], en fan dêr gong it spoar fierder gong nei [[Amsterdam]]. By de spoaren yn Fryslân en Hollân waard sels rekken holden mei útwreiding nei dûbeldspoar.
 
It spoar foel oarspronklik ûnder de [[Steatsspoarwegen]], mar fan [[1890]] ôf waard it part fan de [[Hollânske Spoarweimaatskippij]]. De toptiid fan it spoar wie om 1910 hinne. Mei it ûntstean fan de [[Nederlânske Spoarwegen]] krige dy it behear oer it spoar. Troch oare tiiden naam lykwols it belang stadichoan ôf. Als gefolch dêrfan waarden ûnder oaren yn [[1938]] de haltes Jellum-Boksum, Jorwert en Mantgum sletten, en nei't yn [[1964]] it [[fear]] ek stillein waard wie der allinnich noch in lokaal spoar mei seis stasjons oer. Lykwols waard yn [[1972]] it wikselplak yn Mantgum wer útwreide ta in stasjon, krige Snits yn [[1973]] in twadde stasjon mei Snits- Noard, en waard yn [[1985]] in nij stasjon in Drylts oanlein. Yn [[1999]] waard [[NoardNed]] as nije behearder oanwiisd.
 
== Takomst ==