Jan Herder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Kategory
fotol lytser makke
Rigel 8:
Nei syn fallissemint bedarre Herder yn de wurkferskaffing. Hy late it boljeien tsjin de lege leanen en waard dêrfoar straft mei solitêre - dus net mear yn groepsferbân - arbeid.
 
Yn [[1935]] waard hy keazen yn de gemeenterie fan [[Eaststellingwerf]] As riedslid makke hy him sterk foar maatregels om de posysje fan earmelju, arbeiders, lytse boeren en middenstanners te ferbetterjen. Sawol yn praktyske sin ( bg. troch him yn te setten foar betelbere wenten) as yn ideologyske sin ( frij demonstraasjerjocht). Yn deselde perioade kaam hy yn it lanlike bestjoer fan de CPN en waard frijsteld foar de partij. As partijbestjoerder gie Herder [[Ofbyld:Jan_Herder_omstreeks_1937.jpg|147X210px|right|thumb|250px|foto: Jan Herder om 1937 hinne]] it lân yn foar it Agrarysk Buro fan de partij, om boeren en gernierkers te organisearjen en te mobilisearjen tsjin in tekoartsjittend lân- en túnboubelied. Syn ideeën oer de needsaak fan dat wurk koe hy útiensette yn in taspraak foar de Komintern, by in twa moannen duorjend besyk oan de [[Sovjet-Uny]] yn de winter fan 1937-1938.
 
Nei de Dútske ynfal wurdt Herder aktyf yn it opsetten en fersprieden fan in parallelkrante fan [[De Waarheid]] yn de noardlike provinsjes: [[Het Noorderlicht]]. De groep om dit periodyk waard ein 1941 oprôle. De measte meiwurkers kamen om yn de konsintraasjekampen. Herder koe ûnderdûke yn de [[Haarlimmermar]] mar waard begjin [[1944]] dochs noch arrestearre en ynternearre yn [[kamp Amersfoart]]. [[Dolle Tiisdei]] ([[5 septimber]] [[1944]]) kaam hy frij, en dûkte fannijs ûnder. Oan de ein fan de oarloch ta wist hy út hannen fan de besetter te bliuwen.