Septimius Sevearus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alexbot (oerlis | bydragen)
→‎Striid om de Macht: wat krommelwurk
Rigel 7:
 
==Striid om de Macht==
Doe't keizer [[Pertinaks]] op [[28 maart]] 193 fermoarde waard en der in boargeroarloch ûntstie yn it [[Romeinske ryk]], wie Septimius op dat stuit gûverneur yn Boppe-[[Pannoonje]]. Hy hie it dêr te sizzen oer in oantal legioenen. AmperAmperoan 12 dagen, neidat yn [[Rome]] it keizerskip by opbod ferkocht wie oan de heechste bieder, [[Didius Julianus]], rôpen syn soldaten him út ta tsjinkeizer op [[9 april]].
 
Tagelyk hienen oare troepen yn oare parten fan it ryk om deselde reden ek harren kommandanten ta keizer útroppen: ([[Klodius Albinus]] (gûverneur fan Brittanje) en [[Pessennius Niger]] (gûverneur fan Syrje). Lykwols hie Severus mear legioenen ta syn beskikking en ek wied er it tichtst by Rome. Hy sette him ta de haadstêd en liet keizer Julianus ôfsette en fermoardzje. De moardners fan Pertinaks waarden opspoard en ek terjochtsteld.
 
As earste moast Severus foar rêst soargje en him mei de oare útroppen keizers bemuoie. Hy sluet frede mei Klodius Albinus en joech him de titel ''Caesar''. Dêrnei konsintrearre hy him op Pessennius Niger dy't yn it easten hearske. Nei in drege striid yn [[Cilicia]] hied er yn [[194]] it hiele ryk ûnder kontrôle.