Yves Saint Laurent: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ofbyld
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Image:Yves Saint Laurent.jpg|thumb|300px|Yves Saint Laurent]]
[[Ofbyld:Yves saint laurent-boutique.jpg|thumb|leftright|300px|In Yves Saint Laurent winkel yn [[Houston]]]]
 
'''Yves Henri Donat Mathieu Saint Laurent''' ([[Oran (stêd)|Oran]] ([[Algerije]]), [[1 augustus]] [[1936]] - [[Parys]], [[1 juny]] [[2008]]) wie in [[Frankryk|Frânske]] moadeûntwerper.
 
Yves Saint Laurent bepaalde mei de oare couturiers [[Christian Dior]], [[Coco Chanel]] en [[Hubert de Givenchy]] jierrenlang de Frânske [[haute Couture]]. Yn [[1961]] stifte hy syn eigen moadehûs en gie gearwurkjen mei [[Pierre Berge]] dy’t hy trije jier earder moete hie. Fan dat momint ôf sette hy in stimpel op de moadetiid dy’t kommen soe, mei bygelyks de trapesjurk de smoking foar froulju, it safary-jaske, de trochsichtige bloeze, it broekpak en de pantalon. Chanel joech froulju frijheid, Yves joech de froulju macht, sei Berge op radiostjoerder [[France info]].
 
[[Ofbyld:Yves saint laurent-boutique.jpg|thumb|left|300px|In Yves Saint Laurent winkel yn [[Houston]]]]
 
De tige talintearre Yves Saint Laurent waard berne op [[1 augustus]] [[1936]] yn [[Algerije]]. Hy begûn yn [[1955]] as assistint fan Christian Dior, dy’t hy twa jier letter opfolgje soe, doe't Dior ferstoar. Hy liede it moadehûs trije jier, oant hy foar militêre tsjinst oproppen waard yn de kriich tsjin Algerije. Foar in gefoelich persoan waans skoaltiid in drama west hat, omdat er homo wie, wie de militêre tsjinst tige swier. Hy hie dan ek al gau in senuwynsinking en moast trije moanne lang yn it sikehûs lizze. Dêrnei rjochte hy mei sakeman Berge syn eigen moadehûs op dat waakse soe ta in wrâldmerk. It bedriuw bloeide en gie nei de beurs, mar de ekonomyske efterútgong wylst de golfkriich oan de gang wie soarge derfoar dat Yves Sain Laurent grutte skulden krige. It bedriuw waard oernommen troch kosmetikareus Sanofi en letter troch de [[Gucci groep]].