Helen Parkhurst: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 jun 2008 om 09.11

Helen Parkhurst (Durand, Wiskonsin, 3 jannewaris 1887 - New Milford, Konnetikut, 1 juny 1973) wie in Amerikaanske pedagooch dy’t it Daltonûnderwiis betocht hat.

Helen Parkhurst likernôch 1930

It Daltonûnderwiis is stifte troch Helen Parkhurst. Har freonenen rjochte yn it plakje Dalton yn de Feriene Steaten in skoalle op. Dy skoalle gie wurkje mei de prinsipes fan Parkhurst. Sy fûn dat sa moai en se wie sa tankber dat se har ideeën neamde nei it plakje Dalton.

Har loopbaan

Yn 1904 begûn sy har loopbaan oan in lytse skoalle mei 48 bern. Sy woe de bern sa goed mooglik yndividualisearjend ûnderwiis jaan. Dit wie it begjin fan it Daltonûnderwiis. Yn 1914 folge Parkhurst in kursus by Maria Montessori. Nei de kursus waard sy de fertsjinstwurchster fan de Italjaanske ûnderwiisherfoarmer yn de Feriene Steaten. Mar Parkhurst twivele oan it systimasjearre ûnderwiis fan Montessori. Se lei har taak del en gie fjirder mei eigen eksperiminten.

Yn 1924 kamen de ideeën ek nei Nederlân ta. In kommisje besocht in oantal daltonisearjende ingelske skoallen. It rapport dat nei oanlieding fan dit besoek skeaun waard droech as titel ‘scholen met een losser klasseverband’. In jier letter waard de earste Daltonskoalle yn Den Haach stifte.

Yn 1931 waard de earste Nederlânske Daltonferiening oprjochte. Parkhurst hat gjin útwurke systeem út wolle jaan. Sy wie fan miening dat skoallen har oan moast pasjen oan nije omstannichheden. Se hat wol útgongspunten beskreaun. Dit alles hat as foardiel dat it Daltonûnderwiis fleksibel is en altyd aktueel.

Daltonûnderwiis yn Nederlân

Parkhurst passe har prinsipes ta by bern fanôf likernôch njoggen jier. Yn Nederlân wurdt it Daltonûnderwiis ek tapost op beukers. It wurdt no tapost fanôf it begjin fan debasisskoalle oant it middelber beropsûnderwiis. Yn Nederlân binne yn 2007 285 Daltonskoallen foar it basisûnderwiis, 18 foar it fuortset ûnderwiis en 21 op HBO nivo. Op ferskeidene plakken lykas yn Almere en tilburg stean skoallen dy’t nei har ferneamd binne.

Keppeling om utens