Tolvejierrich Bestân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: {{stavering}} thumb|right|300px|[[Prins Maurits]] It '''Tolvejierrich bestân''' is in bestân fan tolve jier wêryn ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 jun 2008 om 06.53

It Tolvejierrich bestân is in bestân fan tolve jier wêryn net fochten is yn de Tachtichjierrige oarloch.

Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Prins Maurits

Perioade fan frede yn de Tachtichjierrige oarloch

It bestân duorre fan 1609 oant 1621. It bestân is sletten troch Johan fan Oldenbarnevelt. Foaral de Hollânske keaplieden woenen graach frede, de striid kosse in soad jild en blokkearre de frije hannel.

Dit soarge foar spanningen tusken minsken dy’t frede woenen en minsken dy’t troch woenen fechtsje. Ien fan dy minsken dy’t troch woenen fechtsje wie Prins Maurits. Yn 1600 wie Prins Maurits it net iens om in leger nei Dúnkerken te stjoeren. De Slach by Nijpoart dy’t yn dizze fjildtocht plakfûn waard mar krekt wûn troch Maurits. Hy kaam dan ek poer thús. De goeie geawurking tusken Johan fan Oldenbarnevelt en Prins Maurits kaam dan ek in einde.


Arminius en Gomarus

It bestan soarge foar rust yn Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Dat soarge derfoar dat âld sear nij de opperflakte kaam. Er kamen godstsjinst tsjinstellingen nei boppe. Johan fan Oldenbarnevelt frege mear romte foar de remonstrantske lear fan de Leiense heechlearaar Jacobus Arminus. Prins Maurits stipe de kontra- remonstranten fan de heechlearaar Franciscus Gomarus. Of Prins Maurits dit die omdat er echt leaude yn Gomarus falt te betwifeljen. Hy wie ek tsjin om Johan fan Oldenbarnevelt in hak te setten. De rûzje tusken Arminius en Gomarus makke wat los yn it lân. Sûnder in gemienskiplike fijân gienen de minsken tsjinelkoar te kear. De rûzje waard oplost troch in synoade. De remonstrantske lear waard ferbean. De remonstrantske reginten hienen yn Hollân in resolúsje oannaam ek wol de “skerpe resolúsje” neamd. Deryn waard bepaald dat de steden yn Hollân hiertroepen oanmochten nimme. Prins Maurits seach dit as in oantaasting fan syn gesach. Hy liet Johan fan Oldenbarneveld, Hugo de Groot en oare minsken arrestearre. Johan fan Oldenbarnevelt waard ta de dea feroardiele en yn De Haach ûnthalze.

De striid gie troch

Yn 1621 waard de striid tsjin Spanje trochset, neidat Albertus fan Eastenryk de lanfoogd fan de súdlike Nederlân sûnder bern ferstoar en de súdlike Nederlânen wer ûnder de Spaanske kening foel. It wie de bedoeling west dat it bestân út soe rinne op in definitive frede. Mar de mieningsferskillen wienen djipgeand. Dizze mieningsferskillen siet him yn de hannel mei Oast- Yndie, dy’t neffens de Spanjoalen moast stopje. Ek de posysje fan de katoliken wie in toarn yn it each fan de Spanjoalen. It oantal katoliken wie yn it noarden noch sa grut, dat de protestantske elite sear foar de kriich wie.