Peter Petersen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: '''Peter Petersen''' (26 juny 1884) – (21 maart 1952), is de betinker fan it Jenaplan ûnderwiis. == Syn libben == Yn 1923 waard Petersen heechlearaar Erziehung...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 13 jun 2008 om 08.02

Peter Petersen (26 juny 1884) – (21 maart 1952), is de betinker fan it Jenaplan ûnderwiis.

Syn libben

Yn 1923 waard Petersen heechlearaar Erziehungwissenschaft yn Jena yn Dútslân. Yn 1924 starte hy in beskieden eksperimint mei in oare opset fan it ûnderwiis, wêrby bern yn in nei leeftyd mingde groepen ûnderwiis krigen. San mingde groep neamde hy stamgroepen. Dit waakste stadich oan út ta in skoalle foar 6 oant 15 jierrige bern. Letter wreide hy dit ek út mei in beukerskoalle en groepen foar spesjaal ûnderwiis. Wichtich wie ek it ûndersyk yn de praktyk dat yn dizze skoalle ferrjochte waard, mei namme troch Petersen syn frou, Elze. Nei de Twadde Wrâldkriich betocht Petersen op grûn fan syn ûnderfiningen en ynsichten in totaalopset fan it ûnderwiis foar bern fan 4 oant 18 jier. Syn ûnderwiis kundige haadwurk is de Führungslehre des Unterrichts oersetten as Fan didaktyk nei ûnderwiis pedagogyk. Yn de Naasje tiid stie de skoalle fan Petersen ûnder in grutte druk, mar de skoalle mocht iepen bliuwe. Dit hat liede ta krityske beskôgingen oer de persoan en tinkbielden fan Petersen. Dôchs haw se him net op Naasje tinkbielden betraapje kint. Nei de kriich lei Jena yn de Russyske besettingssône. Der krige Petersen problemen mei de kommunistyske autoriteiten en yn 1949 waard syn skoalle sluten. Hy emigrearre nei West- Dútslân. Der ferstoar hy yn 1952.