Anglofryske runen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
literatuer
neffens my moat it sa wêze
Rigel 4:
Tidens de [[5e ieu|5e]] en [[6e ieu]] lutsen [[Angelen|Angelske]] en [[Saksen|Saksyske]] stammen it tsjintwurdige Westen en Noarden fan [[Nederlân]] yn as ûnderdiel fan harren oertocht nei [[Brittanje]]. In part fan de [[Friezen|Fryske]] befolking gong mei, mar der bleaune ek Angelen en Saksen efter yn it wengebiet fan de Friezen. Nettjinsteande harren likense [[Germanen|Germaanske]] ôfkomst wienen der wol kulturele ferskillen tusken de ferskate Germaanske stammen lykas de foarm en ynhald fan harren [[Runen|fuþark]] (of futhark): it [[Germaanske talen|aldgermaanske]] "alfabet". Wierskynlik al yn de [[5e ieu]] ûntstie troch beynfloedzjen fan wjerskanten it Anglofryske fuþork. Dy waard útwreide mei in oantal runetekens, wylst oare feroaren fan foarm om in wjerspegeling fan feroarings yn de taal wer te jaan.
 
De [[aldfrysk]]e runen komme allinnich foar op losse foarwerpen lykas kamen en munten. Faaks is de besjutting net helder en is ek net altiten in striidkestje of it feitlik om Fryske runeynskripties giet. Fan [[Westeremden]] is it ynskrift ''Adugîslûaldujislu m(i)þmeþ Gîsuh(i)ldujisuhildu'' likernôch [[800]]: "AudgisluAldujislu [giet] mei GishilduJisuhildu": wat in seinewinsk bestjut om foarspoedich waaksdom. Ut de provinsje [[Grinslân]] stamje twa kamen mei âldfryske rune-ynskripsjes. Ien fan dizze befettet inkeld it wurd ''kobu'', “kam”.
 
De taal fan de âldfryske runen is folle âlderwetser as yn de [[aldfrysk]] oerlevere boarnen. Dizze waard datearre tusken [[500]] en [[800]].