Kataren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ko:카타리파
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 9:
Dizze wize fan nei de wrâld sjen, kin ferbân hâlde mei de hurde wrâld fan dy tiid. Minsken hienen te lijen ûnder it jok fan it [[feodale stelsel]]. En de ienichste manear om't hjirfan te ûntsnappen wie troch de dea. En dat wylst de katolike tsjerke nei in godlike oarde ferwiist. Dat makket it, dat de [[Midsieuwen|midsieuske]] minsken it stelsel akseptearren. De Kataarske wize fan leauwen wie faaks it antwurd op alle minsklike ellinde fan dy tiid. De Kataren beskôgen wrâldlike dingen lykas seks, lúkse en wille as in skieding tusken materiaal en de geast. De Kataren woenen graach kieze foar de geast.
 
De Kataren beskôgen harren sels as de wiere kristlike tsjerke. [[Jezus Kristus]] hat in sintrale rol spile yn harren leauwen. Foar harren is Kristus as de echte soan fan God nei de stoflike wrâld stjoerd om dêr de spirituele ferlossing te ferkundigjen. De Kataren leauden yn it [[Nije Testamint]] en dan foaral it [[Jehannes (evangeelje)|evangeelje fan Johannes]].
 
De Kataren brûkten ek de [[bibel]] mar leinen dit oars út as bygelyks de Katolike tsjerke. It wichtichste wie foaral it idee dat de geast sterker wêze moast as it fleis. Dat as minsken it goeie paad folgen en in goed minske wienen se fan de boaze wrâld nei de himel gean koenen. De Kataren binne yn twa groepen ferdield, de gewoane leauwers en de perfekten (sjoch ûnderoan dizze side). Mei it oanfaarden fan de Konsalamentum in soart [[Sakremint]] wat troch hânoplizzing ûntfongen is, hat men de status fan Perfectus.