Earizer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
encyclopedie van frrûnom wei
 
ferwizing makke
Rigel 3:
Der is lang tocht dat it earizer in fuortsetting wie fan de Germaanske skedelring. Yn in leginde soe keningsdochter Fostedina, frou fan Aldgisl, de soan fan Redbad, as earste in earizer droegen hawwe.
 
Wierskynlik is it earizer ein [[16e ieu]] ûntstien yn Noard-Nederlân en benammen yn Fryslân. It is dan in smelle bûgel mei heakken foar de mûtse om de spjelden oan fêst te meitsjen. Earizers kamen der ek fan koper (al as net fergulde), sulver en goud en koene smel of breed wêze. Sa koe de rykdom toand wurde, de earizers groeiden hast út ta in soarte helmen. Yn de [[19e ieu]] giet de feroaring hurd. Sa wurdt it gewoante dat rike boerefroulju sneins en op feestdagen in breed gouden earizer drage. Op de foarholle sit dan in "nille" en oan de sydkant fan de [[holle]] in tal "fearren". It toppunt fan rykdom wie wol om der ek noch diamanten op te ferwurkjen. Om 1850 hinne komt der mear ferset. De goede jierren foar boeren wienen wat yn it ôfgean en de tiden waarden minder. Guon froulju kleiden oer pine yn'e holle oan de ein fan de dei, en boppedat wiene guon boeren bliid dat se net mear sa'n djoer sieraad foar de pronk hoegden te keapjen foar harren dochters. It wie foar dy dochters altyd in spesjaal momint, want om in earizer drage te kinnen moast in lange hier ôfknipt wurde. Boppedat woene begoedige froulju út de stêd der net altyd as in boerinne út sjen.
 
Yn it [[Frysk Museum]] binne noch in soad ferskillende earizers bewarre.