Afûk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 15:
Oare projekten dêr't de Afûk oan meiwurket of meiwurke hat binne it digitale faklokaal Frysk op ynternet, it foarljochtingsprojekt [[Tomke]] oer it meartalich grutbringen fan bern en yn gearwurking mei [[Omrop Fryslân]] oan de tillevyzjetaalkwis [[Tûkelteammen]]. Yn [[2004]] hat de Afûk it projekt [[Frysk Erfskip]] tawiisd krigen.
 
Yn [[2006]] is út ein set mei it stal jaan fan it projekt [[Edufrysk]], Frysk leare fia ynternet. Yn [[2007]] is dêrfoar in pilot opset. Yn 2008 binne se úteinset mei it projekt. De earste berjochten binne hiel positief, minsken fine it leuk en dogge graach mei.
 
De namme ''Afûk'' wie oarspronklik de ôfkoarting fan ''Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje''. Mei it tanimmen fan it tal fan funksjes en it him ûntjaan fan in frijwilligersorganisaasje nei ien mei (mear) betelle meiwurkers is de ôfkoarting in namme wurden. Yn [[1938]] hat de [[Fryske Akademy]] him as in selsstannige organisaasje fan de Afûk losmakke.