Konstantius Kloarus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: tl:Constantius Chlorus [r5545]
tetrargy
Rigel 6:
Konstantius wie troud mei [[Sint Helena|Flavia Iulia Helena]], dy't ien soan krige. Neidat hja útinoar gongen wienen, troude er yn [[289]] mei [[Flavia Maksimiana Teodora]]. Hja krigen nochris seis bern. Fanwegen syn militêre prestaasjes en syn kundich en behearste regear oer [[Dalmaasje]] waard Konstantius op [[11 maart]] [[293]] troch [[Diokletianus]] ta [[Caesar]] ûnder [[Maksimianus]] beneamd. By de ferdieling fan de provinsjes waarden [[Galje]] en [[Brittanje]] oan Konstantius tawiisd.
 
[[Ofbyld:Argenteus-Constantius I-antioch RIC 033a.jpg|thumb|left|In [[argenteus]] fan '''Konstantius I Khlorus''', mei op de oare kant de [[tetrarchytetrargy|tetrachentetrargen]] , dy't in offer bringje nei in oerwinning op de [[Sarmaten]].]]
As Caesar wie Konstantius drok dwaande mei ferskate fjildtochten tsjin alderlei barbaarske stammen en tsjinstanners as [[usurpator]]s. Yn de simmer fan [[293]] jeie er de troepen fan de usurpator [[Karausius]], ursurpator fan Grut Brittanje, fuort út Noard-Galje. Nei't Konstantius [[Boulogne]] oanfallen hie, wie de posysje fan Karausius sa swak wurden dat syn ponghâlder, [[Allectus]] him fermoarde, en syn plak ynnaam. Yn [[296]] stutsen de troepen fan Konstantius oers nei Grut-Brittanje en koene dêr úteinlik Allectus ferslaan, dy't dêrby om hals rekke. Yn [[298]] oerwûn Konstantius de [[Allemannen]], in [[Germanen|Germaansk]] folk dat him yn de kriten fan [[Main]] ôphâlde.