Maksimianus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FiriBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: tl:Maximian
Rigel 6:
 
==Meikeizer fan it Westen==
Doe't Diokletianus yn [[284]] keizer waard fan it [[Romeinske ryk]] wie dizze keizer fan betinken dat it ryk te grut wie om allinnich te bestjoeren en beluts dêrom syn freon Maksimianus by it bewâld. Hy joech him earst de titel fan [[Caesar (titel)|Caesar]] en in jier letter makke hy him meikeizer fan it westen. Diokletianus bleau sels it easten bestjoeren. Yn [[293]] kamen der noch twa Caesars by om harren te stypjen, nammentlik [[Galerius]] en [[Konstantius Klorus]], mar ek om harren yn de takomst op te folgjen. Dizze liederstruktuer wurdt de [[TetrarchyTetrargy]] neamd.
 
Konstantius hie ûnder Maksimianus in wichtige oanfierder fan it leger west, dy't in soad problemen oplost hie mei de ynfallen fan de [[Germanen]] en de oproer fan de Noardseefleat, dy't ûnder lieding stie fan [[usurpator]] [[Karausius]]. Maksimianus wie sels ek aktyf as oanfierder, ûnder oare tsjin de [[Moaren]] yn Spanje en by [[Kartago]].