Slach by Turyn (312): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
 
==Oanlieding en foarspel==
Nei de machtsstriid dy't folge op de dea fan keizer [[Konstantius Klorus]] folge yn [[308]] in ta-inoarkommen tusken de ferskate troanopfolgers. Op de [[KonferênsjeKonferinsje fan Karnuntum]] waard fêststelle dat [[Galerius]] keizer fan it easten bliuwe soe, mei [[Maksiminus Daia]] as ûnderkening, en dat [[Lisinius]] de macht yn it westen útoefene soe, holpen troch [[Konstantyn de Grutte|Konstantyn I]]. Mar al dizze ôfspraken wurken yn de praktyk net omdat [[Maksentius]], dy't net mei die oan de konferênsjekonferinsje, syn posysje yn Rome net opjouwe woe en Lisinius, de oanwezen persoan om him te bestriden, der neat oan dwaan woe. De situaasje waard hieltyd komplekser doe't Galerius ynstee fan Maksiminus Daia, de Caesar fan it easten, Lisinius as opfolger oanwiisde. Al dizze ûntwikkelingen joegen Konstantyn de gelegenheid tsjin Maksentius ten stride te lûken.
 
Wylst Maksentius him ferskanste yn [[Rome (stêd)|Rome]] mei in út 100.000 soldaten grut besteand leger, loek Konstantyn him fanút [[Galje]] temjitte mei in heal sa grut leger, dat foar in grut part bestie út ''veterani''. Sy trochkruze de [[Alpen]] fia de pas fan de [[Col du Mont Cenis|Mont Cenis]] en moete yn Segusia ([[Susa (Itaalje)|Susa]]) de earste wjerstân fan Maksentius syn leger. De stêd waard ynnommen en op befel fan Konstantyn yn brân stutzen. Mei it stellen fan dizze died woe hy oan de befolking fan Itaalje sjen litte dat sy har stêden better net foar him sletten hôlde koene.