Koartebaanriden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Net itselde as shorttrack.
Aliter (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
 
== Omskriuwing ==
De baan is in dûbele, rjochte baan, by de froulju 140 m, en by de manlju 160 m. Twa dielnimmers ride tsjin elkoar, en besykje twa kear as earste oan te kommen. Hjirby rydt men de twadde kear de baan werom. Wedstryden wurde ôfwurke neffens it ôffalsysteem, sa't dejinge dy't twakeartwa kear wûn hat trochgiet nei de folgende omgong. It komt yn de koartebaan oan op in krêfteksploazje, mar it hat gjin doel mear krêft te brûken as nedich is om as earste oan te kommen. Ommers, der komme noch mear omgongen, en wa yn it begjin tefolle krêft brûkt, hat op it ein net genôch tebek.
 
== Skiednis ==
Koartebaan wurdt al hiel lang hâlden, yn elts gefal al sûnt de [[18e ieu]],. alDer wie derdoe al in ferskil mei hjoed, om't yn die tiid de baan 80 m lang wie, en men oan it ein de oare baan wêr werom gong. It begjin fan de skreaune skiednis wie in wedstryd yn [[1803]], yn [[Snits]], dêr't riden waard om in sulveren tebaksdoaze. De earste wedstriid foar froulje dêr't oer skreaun is, waard riden op 1 en 2 febrewaris [[1805]] yn [[Ljouwert]], om in gouden earizer. Yn de jierren dernei, waard der faak riden om prizen fan sulver of goud, mar al gau kamen de jildprizen op. Dermei koenen sommige reedriders yn ien winter in kaptaal fertsjinje. Fermaarde nammen út de twadde helte fan de 18e ieu binne Adam Hurdrider en Fokke Ruurds Kuperus. Sûnt 1948 wurdt it koartebaanriden organisearre troch de [[KNSB]],; dêrmei is der in ein kaam oan it riden om jildprizen.
 
== Nasjonale kampioenskippen ==
It earste nasjonaal kampioenskip waard hâlden op [[5 jannewaris]] [[1924]], yn [[Ryptsjerk]], mar der kaam gjin kampioen fan, om't [[Jolle de Jong]] en [[Marten Slager]] deselde tiid hinenhienen, en der noch gjin reglemint wie wat oanjaan koe hoe't der in beslissing komme moatmoast. Dat, de earste kampioen fan Nederlân wie [[Thijs Klompmaker]], winner op [[22 januari]] [[1926]]. Mar deDe grutste kampioen ea wie [[Piet de Boer]], dy't âlve kear Nederlandsk kampioen waard. Oare nammen dy't neamt wurde moatte binne dy fan [[Lieuwe de Boer]] en [[Jan Ykema]] by de manlju, en fan [[Atje Keulen-Deelstra]] en [[Anneke Zeinstra]] by de froulju.
 
== Banen ==
In probleem by de organisaasje fan koartebaan is dat yn Fryslân [[Thialf]] op [[it Hearrenfean]] de ienichste iisbaan is dy't in lang genôch rjocht stik hat foar koartebaan wedstriden, en yn de rest fan Nederlân allinnich noch de iisbaan fan [[Haarlim]]. Om yn jierren sûnder [[natueriis]] dochs mear riden te kinnen hat men de [[supersprint]] ynfierd.
 
Yn jieren dêr't der al natueriis leit is der in goedmoediche striid tusken de iisferienings[[iisferiening]]s, wa as earste in wedstriid hâlde kin. Somtiden wurdt der hjirby hast letterlik oer iis fan ien nacht gongen.