Fryske Wâlden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
T.
wat oanfollings
Rigel 1:
De '''Fryske Wâlden''' (meast koartwei ''de Wâlden'' neamd) is in streek yn it easten fan [[Fryslân]] mei in eigen karakter. Ta de Wâlden wurde ornaris de gebieten fan de gemeenten [[Kollumerlân]], [[Dantumadiel]], it grutste part fan [[Tytsjerksteradiel]] (súdlik fan de [[Wâldwei]]), [[Achtkarspelen]], [[Opsterlân]], [[Smellingerlân]] en it noardlik part fan [[Eaststellingwerf]] rekkene. Ek in grut part fan de [[Grinslân|Grinzer]] gemeente [[Gruttegast]] heart lânskiplik, etnografysk, kultureel en taalkundich ta de Fryske Wâlden.
 
* lanskippelijklânskiplik: De Fryske Wâlden lizze op hege sângrûn. De foar Fryslân sa typyske terpebou ûntbrekt yn'e wâlden. Opfallend is it meast lytsskalige [[kûlisselânskip]] dat foarme wurdt troch houtwâlen om stikjes greide of bouwlân. Fierder falle yn it lânskip de lytse pleatskes op;
* etnografysk: de befolking fan de Wâlden hat in mear mingd karakter as dy fan de Fryske kuststreken. De grutte en min tagonklike heidefjilden hawwe ieuwenlang ûnderdak bean oan ferskate groepen migranten, wêrûnder [[Westfalen]], [[Saksen]], [[joaden]] en [[sigeuners]]. Neffens guon docht it temperamint yn'e Wâlden wat 'súdlik' oan;
* kultureel: de Fryske Wâlden is in streek mei in lytsskalige lânbou-tradysje. Typysk binne de gerniers, keuterboerkes dy't benammen yn it eigen ûnderhâld foarseagen. De streek stie en stiet bekend om syn hannelskarakter;