Moarrewâld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 26 jul 2008 om 11.58

Moarrewâld is in earder doarp yn de gemeente Dantumadiel. Op 1 jannewaris 1971 waarden Moarrewâld, Ikkerwâld en Dantumawâlde gearfoege ta Damwâld. Moarrewâld wie it sintraal lizzende doarp fan de trije.

De namme Moarrewâld komt fan "moarre" dat fean betsjut. Wâld betsjut "bosk". Mar neffens inkele ferhalen soe de namme Moarrewâld ôflaat wêze fan "Moardenerswâld", omdat hjir yn it jier 754 Bonifatius fermoarde wêze soe.

Moarrewâld is boud op in terp om in tsjerke. Dizze tsjerke is om 1200 hinne boud, yn 1922/1923 waard der in oanbou oan de noardeastkant boud. De tsjerke waard fan 1961 oant 1963 restaurearre.

In 1881 waard Moarrewâld it haadplak fan de gemeente Dantumadiel. It gemeentehûs stie destiids oan de Krúswei. Yn 1972 ferhuze de gemeente nei de Rinsmastate yn Driezum, om yn 1999 werom te gean nei Damwâld.