Kleaster Klaarkamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: Klaarkampster Mar
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: Foswert
Rigel 9:
 
Op it hichtepunt hie it kleaster 2500 hektare grûn en sa'n 80 pleatsen yn eigendom. Yn it kleaster wennen tsientallen mûntsen en inkele hûnderten [[likebroer|likebruorren]]. Teffens hie it kleaster ferskate [[úthôf (kleaster)|úthôven]], wêrfan't [[Sibrandahûs]] der nei alle gedachten ien fan wie. Dêrneist wie der in úthôf yn [[Jannum]] en ek de [[Skierstins]] tichtby [[Feanwâlden]] hearde fan [[1439]] ôf by it kleaster. Ek [[Skiermûntseach (gemeente)|Skiermûntseach]] ("eilân fan de skiere mûntsen") hearde ta it kleaster Klaarkamp.
By de twisten tusken de [[Skieringers en Fetkeapers]] hearde Klaarkamp uteraard ta de Skieringers. In oar kleaster, [[Bethanië]] of ''Foswerd[[Foswert]]'' by [[Ferwert]], hearde ta de Fetkeapers. Doe't yn [[1387]] de tsjerke fan Bethanië ôfbaarnde krige Klaarkamp dêrfan de skuld en by wize fan [[wraak]] waarden fjouwer mûntsen út Klaarkamp deaslein. Pas folle letter waard it skeel bylein.
 
Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] gie Fryslân oer fan it [[katolisisme]] nei it [[protestantisme]]. De kleasters, wêrûnder Klaarkamp, waarden op [[31 maart]] [[1580]] opheft en de besittings ferfoelen oan de [[Steaten fan Fryslân]]. De kleasters waarden ôfbrutsen, de grûn en se stiennen wêr't de kleasters fan boud wienen (kleastermoppen) waarden ferkoft.