Fryske Wâlden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wat oanfollings
vanaf Wâlden
Rigel 1:
De '''Fryske Wâlden''' (meast koartwei ''de Wâlden'' neamd) is in streek yn it easten fan [[Fryslân]] mei in eigen karakter. Ta de Wâlden wurde ornaris de gebieten fan de gemeenten [[Kollumerlân]], [[Dantumadiel]], it grutste part fan [[Tytsjerksteradiel]] (súdlik fan de [[Wâldwei]]), [[Achtkarspelen]], [[Opsterlân]], [[Smellingerlân]] en it noardlik part fan [[Eaststellingwerf]] rekkene. Ek in grut part fan de [[Grinslân|Grinzer]] gemeente [[Gruttegast]] heart lânskiplik, etnografysk, kultureel en taalkundich ta de Fryske Wâlden.
 
* lânskiplik: DeIt Fryskegebiet Wâldenleit lizzemeast opheger hegeas sângrûnit noarden en westen fan provinsje, en bestiet út sân- en feangrûn. Dat "wâld" is net in boskgebiet, mar it is mear in gebiet mei leech hout, lykas houtwallen om grieden en ekers. De foar Fryslân sa typyske terpebou ûntbrekt yn'e wâlden. Opfallend is it meast lytsskalige [[kûlisselânskip]] dat foarme wurdt troch houtwâlen om stikjes greide of bouwlân. Fierder falle yn it lânskip de lytse pleatskes op;
* etnografysk: de befolking fan de Wâlden hat in mear mingd karakter as dy fan de Fryske kuststreken. De grutte en min tagonklike heidefjilden hawwe ieuwenlang ûnderdak bean oan ferskate groepen migranten, wêrûnder [[Westfalen]], [[Saksen]], [[joaden]] en [[sigeuners]]. Neffens guon docht it temperamint yn'e Wâlden wat 'súdlik' oan;
* kultureel: de Fryske Wâlden is in streek mei in lytsskalige lânbou-tradysje. Typysk binne de gerniers, keuterboerkes dy't benammen yn it eigen ûnderhâld foarseagen. De streek stie en stiet bekend om syn hannelskarakter;
Rigel 7:
 
Bewenners fan de Wâlden wurde wol wâldpiken, wâldsjers of heidepiken neamd. De befolking fan de eardere heidestreken hawwe by guon noch de namme dat se koart troch de bocht binne en gau mei it mes klear steane. In soad heidsjers hiene oant foar koart as liifspreuk "Myn Herder is myn redder". Dêrmei net referearjend oan Usleavenhear mar oan in bûsmes fan it merk [[Rich.A.Herder|Herder]] dat sa'n bytsje ta harren standertútrissing skynde te hearren.
 
De Wâlden binne it gebiet fan ien fan de grutte [[Frysk]]e dialekten: it Wâldfrysk. Ek fierder binne der kulturele ferskillen mei de oare parten fan Fryslân.
 
In guon dingen binne ek westliker parten fan [[Sân Wâlden]] besibbe mei de Wâlden, en wurde dêr ek ta rekkene.
 
[[nl:Friese Wouden]]