Ferskil tusken ferzjes fan "Fryske Wâlden"

2.463 bytes lytser ,  12 jier lyn
Side ferfong mei 'FUCK'
(Kategory)
(Side ferfong mei 'FUCK')
FUCK
De '''Fryske Wâlden''' (meast koartwei ''de Wâlden'' neamd) is in streek yn it easten fan [[Fryslân]] mei in eigen karakter. Ta de Wâlden wurde ornaris de gebieten fan de gemeenten [[Kollumerlân]], [[Dantumadiel]], it grutste part fan [[Tytsjerksteradiel]] (súdlik fan de [[Wâldwei]]), [[Achtkarspelen]], [[Opsterlân]], [[Smellingerlân]] en it noardlik part fan [[Eaststellingwerf]] rekkene. Ek in grut part fan de [[Grinslân|Grinzer]] gemeente [[Gruttegast]] heart lânskiplik, etnografysk, kultureel en taalkundich ta de Fryske Wâlden.
 
* lânskiplik: It gebiet leit meast heger as it noarden en westen fan de provinsje, en bestiet út sân- en feangrûn. Dat "wâld" is net in boskgebiet, mar it is mear in gebiet mei leech hout. De houtwâllen om de greiden en ekers soargje foar it karateristike lytsskalige [[kûlisselânskip]]. Fierder falle de lytse pleatskes op. De foar Fryslân sa typyske terpebou ûntbrekt yn'e wâlden;
* etnografysk: de befolking fan de Wâlden hat in mear mingd karakter as dy fan de Fryske kuststreken. De grutte en min tagonklike heidefjilden hawwe ieuwenlang ûnderdak bean oan ferskate groepen migranten, wêrûnder [[Westfalen]], [[Saksen]], [[joaden]] en [[sigeuners]]. Neffens guon docht it temperamint yn'e Wâlden wat 'súdlik' oan;
* kultureel: de Fryske Wâlden is in streek mei in lytsskalige lânbou-tradysje. Typysk binne de gerniers, keuterboerkes dy't benammen yn it eigen ûnderhâld foarseagen. De streek stie en stiet bekend om syn hannelskarakter;
* [[taalkunde|taalkundich]]: It [[Wâldfrysk]] wykt op ferskate punten ôf fan it [[Frysk]] fan de [[Klaaistreek]] en de [[Súdwesthoeke]].
 
Bewenners fan de Wâlden wurde wol wâldpiken, wâldsjers of heidepiken neamd. De befolking fan de eardere heidestreken hawwe by guon noch de namme dat se koart foar de kop binne en gau mei it knyft klear steane. In soad heidsjers hiene oant foar koart as liifspreuk "Myn Herder is myn redder". Dêrmei net referearjend oan Usleavenhear mar oan in bûsmes fan it merk [[Rich.A.Herder|Herder]] dat sa'n bytsje ta harren standertútrissing skynde te hearren.
 
De Wâlden binne it gebiet fan ien fan de grutte [[Frysk]]e dialekten: it Wâldfrysk. Ek fierder binne der kulturele ferskillen mei de oare parten fan Fryslân.
 
Yn guon dingen binne ek westliker parten fan [[Sân Wâlden]] besibbe mei de Wâlden, en wurde dêr ek ta rekkene.
 
[[Kategory:Diel fan Fryslân]]
 
[[nl:Friese Wouden]]
[[nds-nl:Friese Woolden]]
Anonime meidogger