Godshûs (gebou foar earetsjinst): ferskil tusken ferzjes

Nij Meksiko
(Nij Meksiko)
(Nij Meksiko)
De measte [[natoerreligys]] meitsje gjin gebrûk fan timpels of oare godshuzen; se hâlde harren earetsjinsten gewoan yn 'e iepen loft, yn 'e hûs of yn in tinte. Dat wol net sizze dat yn natoerreligys timpels hielendal net foarkomme.
 
Sa bouden de [[Maya's]], fan [[Belize]], [[Guatemala]] en súdlik [[Meksiko]], en de [[Azteken]] fan sintraal Meksiko, foar't se yn kontakt kamen mei de Jeropeänen, ûntsachlike piramiden en grutte timpels, dy't sjoen waarden as stylearre foarmen fan hillige bergen. En by de folken fan 'e [[Pueblo-kultuer]], fan 'e [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] steaten [[Nij- Meksiko]] en [[Arizona]], wie it sintrum fan it doarp, sawol [[boukunde|boukundich]] as religieus, de [[Kiva]], in spesjaal fertrek foar yndividuële en mienskiplike religieuze rituëlen.
 
Op [[Hawaiï]] waarden timpels boud fan lavastien, en fierwei de measte wienen wijd oan de rein- en fruchtberensgod [[Lono]] of oan 'e oarlochsgod [[Kukailimoku]]. Yn sa'n timpel, in ''heiau'', stienen û.m. houten goadebylden, de [[kii]]. Mear nei it suden ta, op [[Tahity]], waarden de goaden oanbean yn iepenlofttimpels. Sa'n timpel, in ''marae'', bestie út in rjochthoekich pleinn mei in piramidefoarmich platfoarm. Der waarden û.m. feesten, spirituële seremoanjes, dûnsen, muzykútfierings en [[offerrituëlen yn natoerreligys|offerrituëlen]] holden. Alle marae fan Tahity en de measte heiau fan Hawaiï waarden ferneatige troch warbere Westerske [[misjonaris]]sen, dy't fan 'e midden fan 'e 19e ieu ôf de eilannen fan 'e [[Stille Súdsee]] berikten.
19.977

bewurkings