Sûmearjers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
neffens oerlis
Rigel 1:
De '''Sumearjers''' binne in folk út de [[aldheid]] dy't om-ende-by [[3.500 f. Kr.]] yn de skiednis ferskine en in ryk stifte ([[SumeriëSumearje]]) dy't sjoen wurdt as ien fan de earste beskavingen fan de wrâld. Wêr't sy krekt fuortkamen is net alhiel dúdlik, neffens guons kamen sy út [[Anatoolje]], mar ek [[Yndia]] en de omkriten fan de [[Kaspyske See]] is mooglik. De taal dy't sy sprutsen wie it [[SumeryskSumearysk]], dêr't mar in hiel bytsje fan bekend is.
 
==Sumeryske ryk==
[[SumeriëSumearje]], it ryk fan de Sumearjers wurdt lokalisearre yn it súdlike part fan [[Mesopotaamje]] (yn distiid súdeast [[Irak]]), dêr't de rivieren [[Eufraat]] en [[Tigris]] yn de [[Perzyske Golf]] útmûnet. Sels neamden sy har lân ''ki-en-gir'' (it lân fan de beskaafde hearskers). Tegearre mei it noardlik lizzend gebiet [[Akkad]] makke it part út fan it Twastreamenlân.
 
De Sumearjers wienen it earste folk dat [[wet]]ten makken en [[stêdsteat|stêdsteaten]] foarmen. It [[wiel]] is nei alle gedachten ek troch har útfûn. Sy koenen ek al hiel goed dingen mjitte en bestudearre û.o. it [[hielal]].