Dokkumer Grutdjip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Lytse oanpassings.
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
It '''Dokkumer Djip''' wie eartiids de ferbining fan [[Dokkum]] mei denei iepen see. It wie in smelle see-earm dy't fanút de [[Lauwerssee]] oant Dokkum ta nei it westen kaam. Foar de oanlis fan de earste dykendiken wie it Dokkumer Djip al de ôfwettering fan it sintrale part fan [[Eastergo]].
 
==Foar de ôfslúting==
Yn 1583 waard yn Dokkum in nije syl oanlein. Dizze syl kaam yn plak fan de [[Aldsyl]] oan de westkant fan Dokkum. Tusken de Aldsyl en Dokkum leine ek noch de [[Boarnwirder Syl]] foar de ôfwettering fan West-Dongeradiel en de [[Dantumasyl]] foar de ôfwettering fan it westlik part fan Dantumadiel. Hjirmei ûntstiene fuort swierrichheden omdat [[West-Dongeradiel]] en [[Dantumadiel]] it wetter net mer goed kwiitkwyt koene.
 
Yn [[1584]] waard al in foarstel dien de see-earm by de Lauwersee ôf te slúten om dizzede situaasje te ferbetterjen. Dokkum wie hjirdêr poer op tsjin omomdat synsy de iepen ferbining mei de see net kwiitkwyt tereitsje reitsjenwoene. Yn de kommendeneikommende 150 jier feroare de situaasje. Wylst noch yn [[1596]] yn Dokkum de [[Fryske Admiraliteit]] oprjochte waard, en de oarlochsskippen doe noch yn de stêd komme koenen, rekke it Dokkumer Djip yn de rin fan de [[17 ieu]] fersâne ta in kringeljende stream. Op [[16 augustus]] [[1723]] waard it foarstel oannommen om it Dokkumer Djip ôf te slúten.
 
De diken oan beide siden fan it Dokkumer Djip tsjinnen dêrom ek nog lange tiid as seediken en binne yn it lânskip noch dúdlik oanwêzich. Yn de súdlike dyk, de [[Wâlddyk]], wiene ek noch trije silen foar de ôfwettering fan it lân. Fan west nei east de [[Driezumer Syl]] dêr't de [[Driezummer Sylried]] yn it djip útkaam. Dan de [[AldwâldmersylAldwâldstersyl]], dêr't de [[Aldswemmer]] troch yn it djip útkaam. As lestelêste de [[Kollumer Syl]] dêr't de [[Kollumer Sylried]] syn wetter yn it Dokkumer djip spijde.
 
Yn de buert fan de AldwâldmersylAldwâldstersyl is by in dyktrochbrek in grut [[wiel]] ûntstien. De dyk is letter bûten it plak fan de trochbrek om lein, en binnen de dyk bleau it wiel, it [[Mâllegraefsgat]], oer.
 
==De ôfslúting==
By de ôfslúting wie it plan om troch in ôfslútdyk en in ôfwetteringssyl mei skutslûs oan te lizzen it Dokkumer djip fan de Lauwerssee ôf te slúten. De Ljouwerter architekt [[Claas Bockes Balck]] moast de slússlûs bouwe, de wetterboukundichewetterboukundige [[Willem Loré]] moast mei de ôfslútdyk rêde.
 
Op 2 juli 1729 wie de ôfslúting klear. Troch de ôfslúting kaam sa'n 600 hectarebunder bougrûn beskikber. En de trije silen yn de [[wâlddyk]] waarden oerstallich. Yn stee fan sa'n 24 kilometer seedyk oan de noard- en súdkant fan it djip wie no sa'n 2 kilometer seedyk oerblean. By de nije sylen is it doarp [[Dokkumer Nijesilen]] ûntstien.
 
==Nei de ôfslúting==
Yn de [[19e ieu]] binne tal fan bochten yn it djip rjochtlûtsenrjochtlutsen. Dêrtroch is der in rige fan fjouwer eilannen ûntstien, mei it nije kanaal fan it Dokkumer Djip oan de noardkant, en in meänder fan it [[Alddjip]] oan de súdkant. It grutste fan de fjouwer is it eastlikste eilân, tsjin [[Ingwierrum]] oer. Op dit eilân lizze in pear pleatsen en steane wat hûzen. It eilân is allinnich te berikken fia de brêge by Ingwierrum.
 
Sûnt de Lauwerssee op [[23 maaie]] 1969 ôfsletten is, is ek yn de ôfslútdyk fan it Dokkumer Djip, neist de âldere silen in nije slús oanlein. It Dokkumer Djip set him no lykwols ek foarby de Dokkumer Nije SilenNijesilen fuort. Om de [[Ingwierrumer Polder]] hinne, draait it Djip nei it noarden, rint tusken dy polder en de [[Djipster Bosk]] troch, en komt nei in pear kilometers út yn de [[Lauwersmar]].