DeFriezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''DeFriezen''' is in ein [[2006]] oprjochte politike fernijingsbeweging. Foarsitter is [[Doede Damsma]]. Op [[7 maart]] [[2007]] hat de partij foar it earst oan ferkiezings meidien. Die dei hat deFriezen by de Provinsjale Steateferkiezings in lytse 1500 stimmen krigen, wat net genoch foar in sit wie . Yn de rin fan 2007 is der yn (it Dútske) Eastfryslân (Ostfriesland) ek in susterôfdieling ûnder de namme Die Friesen oprjochte. Dizze groepering hat by de 'LandestagwahlLandestagswahl' foar Niedersaksen ûngefear 10.000 stimmen helle. Die Friesen bin ynmiddels ek aspirant-lid fan de EFA.
 
== Stânpunten ==
De partijfernijingsbeweging wol dat [[Fryslân]] in autonoom lân binnen it [[Nederlân|Keninkryk fan de Nederlannen]] wurd en dat Fryslân sels mear te fertellen krijt oer harren eigen takomst. Neffens Damsma moat Fryslân op mear foech ta. De fernijingsbewegingFryske beweging tinkt dat Fryslân op die manearmanier in bettere sosjaal-ekonomyske posysje krijt. At it safier komt, dan moatte de [[Waadeilannen]] ek in aparte status krije. DeFriezen hâldt har fjirder ûnder mear ek dwaande mei direkte demokrasy, de mooglike weryndieling fan Fryslân, de ynter-Fryske kontakten, ferbettering fan de ekonomy en de takomst fan de Ofslútdyk. Yn july 2008 hat de fernijingsbeweging in totaalfisy oer de Ofslútdyk by Rykswettersteat presintearre. Dizze fisy docht mei yn de plannen fan Rykswettersteat, de beide provinsjes, de gemeenten Wûnseradiel en Wieringen en it regear.
 
== Keppeling om utens ==