Herre Halbertsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kategogy oanpast
No edit summary
Rigel 1:
'''Herre Halbertsma''' ([[9 july]] [[1920]] - [[3 desimber]] [[1998]]), wie in Nederlânske [[histoarikus]], dy't foaral namme makke as [[argeology|argeolooch]].
 
Herre Halbertsma waard berne yn [[Snits (stêd)|Snits]] en brocht derdêr syn jeugd troch. Yn [[1940]] studearre hy yn [[Grins (stêd)|Grins]] skiednis, mei [[âldheidskundige boaiemûndersyk]] as byfak. Hy wie in skoftsje meiwurker fan [[A.E. van Giffen]] en ûnder dy syn lieding die hy ûnderfining op yn it fjild. Nei syn stúdzje gong er yn [[1947]] wurkjen by de krekt dêrfoar oprjochte Rykstjinst foar it Aldheidskundich Boaiemûndersyk (ROB). Al gau wie Halbertsma belutsen by tsjerke restauraasjes, wêrby âldheidskundich boaiemûndersyk in wichtige oanfolling foarme op de bouskiednis. It binne foaral de ûntelbere tsjerke opgravings west dy't syn namme bekendheid joegen, mei as hichtepunt de [[St. Bonifatiustsjerke]] en [[St. Maartenstsjerke]] yn [[Dokkum]], de [[Aldehou|St. Vitustsjerke]] (of Aldehou) yn Ljouwert en de Lebuinustsjerke yn Zaltbommel.
 
Halbertsma hat in protte artikels skreaun oer syn ûndersyk, dêrfoar krige hy yn [[1958]] de prestyzjeuze [[Joost Hiddes Halbertsma-priis]] fan de provinsje Fryslân foar syn fertsjinsten op it mêd fan de Fryske Histoarje en folkekunde.