Rak fan Ungemak (Boarn): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Keppeling Mûzel oanpast
B. (oerlis | bydragen)
L kat
Rigel 1:
- It '''Rak fan Ungemak''' is it part fan de [[Boarn]], by [[Jirnsum]] lâns. It werklike [[rak fan ûngemak]] is de meänder fan de BaoarnBoarn easteastlik fan Jirnsum, mar offisjeel wurdt it hiele stik fan it [[Jirnsummersyl]] oant [[Aldskou]] mei dy namme oanjûn.
 
Oant [[1200]] rûn de Boarn op dit stik nei it noarden, dan kaam de [[Grou (wetter)|Grou]] derby, en dan rûn it wetter foarby [[Raerd]] nei de [[Middelsee]], dêr wêr't no de [[Mûzel (Boarn)|Mûzel]] leit. Doe't eartiids it polderjen fan de Middelsee de mûning fan de Boarn berikt hie, hat men súdlik fan Jirnsum in wjittering, de [[Alde Wjittering]] groeven, dat it wetter fan de Boarn nei de [[Snitser Mar]] fuortkomme koe. Sûnt dy tiid rûn it wetter fan de Boarn by Jirnsum krekt de oare kant út. It wie wetter dat fan de Grou út nei it suden nei de Alde Wjittering rûn.