Jever Bier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 1:
'''Jever''' is in East-Frysk bier dat neamd is nei de stêd dêr't it weikomt, [[Jever]]. It bier wurdt sûnt 1848 broud yn it ''Friesischen Brauhaus zu Jever''
 
== Skiednis ==
 
Doe't de ''Fryske Brouwerij'' yn Jever troch Diedrich König oprjochte waard, wienen der wol mear bierbrouwerijen yn de regio. König wie der wis fan dat syn biermerk wat bysûnders wie. Nei syn ferstjerren yn 1867 ferkocht syn soan de brouwerij. De nije eigner hite fan Theodor Fetköter. Hy sette útein mei in lyts bedriuwke, en begûn doe mei reklame meitsjen foar syn ferskate soarten bier. De earste wetterlieding yn Jever wie mei help fan him oanlein.
 
[[Ofbyld:Friesischesbrauhauszujever2.jpg|thumb|left|De Fryske Brouwerij yn Jever]]
De [[Earste Wrâldkriich]] wie foar de brouwerij in minne tiid, omdat de soan Theodor Fetköter, dy't de baas fan de brouwerij wie, oan it front stoar. Uteinlik waard de brouwerij yn 1922 op 'e nij ferkocht, diskear oan de [[Hamboarch]]ske ''Bavaria St. Pauli Brauerei'', dy't hjoed by de [[Denemark|Deenske]] [[Carlsberg (brouwerij)|Carlsberg]]-groep heart. It bier út Jever wie yn de tiid ek bûten de eigen regio bekend en fan 1934 ôf waard it bier mei de namme „Jever Pilsener“ ferkocht. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] wie der wer in drege tiid foar de brouwerij want der wie te min bensine, dêrom moasten klanten de produkten oan de poarte fan it bedriuwe keapje en se moasten by de boerepleatsen del om [[koarn]].
 
Nei de nei-oarlochske tiid, lei de situaasje foar Jever der better hinne. It bier dat it meast ferkocht waard wie ''Jever [[Export (Bier)|Export]]'', dat oant 1990 broud waard. Yn 'e rin fan de sechtiger jierren waard ''Pils'' populêrder en dat die fertuten foar de ferkeap. Yn dy tiid waard de brouwerij grutter.
 
Sûnt 1994 heard de brouwerij by de [[Dortmund]]er [[Brau & Brunnen]]-groep, dy't sûnt it begjin fan 2005 in diel fan de Radeberger-groep binne de Oetker-groep is.
 
Hjoed wurkje der likernôch 270 minsken, dy't sa'n 60.000 flessen yn it oer produsearje. Yn de spegeltuorren binne der no 5 tanks fan 240.000 liter, dêr't it jongbier tusken de trije en fjouwer wiken by −1°C opslein wurdt. Dêrnei duorret it sa'n 45 minuten foar't it bier goed is om te ferkeapjen.
 
lol.....