Teodoarik II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ca, cs, es, got, it, nds, nn, no, ru, sk, sr - oars: nl
útwreide fan nl, - stobbe
Rigel 1:
{{stobbe-skiednis}}
'''Diderik II''' wie kening fan de [[Fisigoaten]] ([[453]]-[[466]]). Hy folge syn broer [[Torismund]] op nei dy syn dea yn [[453]]. Diderik II wie earst in trouwe bûnsmaat fan de Romeinen. Hy stie benammen mei de Romeinske keizer [[Avitus]] op goede foet, mar nei dy syn dea hâlde hy him hieltyd ûnôfhinkliker.
 
=== Trou bûnsmaat fan de Romeinen===
Yn tsjinstelling ta syn heit respektearre Diderik II ynearsten it [[foederaty]]-ferdrach mei de Romeinen. As trouwe bûnsmaat gong er yn [[454]] op strafekspedysje nei [[Spanje]]. Dêr makke syn leger in ein oan plonderingen fan benden [[Bagaudae]] dy't lân en stêd terrorisearren.
 
Diderik II stipe de [[Galje|Galyske]] senator Avitus, in goede freon fan syn heit, doe't dizze him yn [[455]] troch it leger ta keizer beneame liet. Foar Avitus kaam er yn [[456]] op 'e nij yn aksje yn Spanje. Diskear hâlde hy in strafekspedysje tsjin de [[Sueven]]. Ticht by de stêd [[Slach oan de Urbicus|Astorga]] helle hy in grutte oerwinning op de Sueven.
 
=== Op spannen foet mei de Romeinen ===
Neidat Keizer Avitus yn [[456]] ôfsetten waard troch de oerbefelhawwer fan it Romeinske leger, de Germaan [[Risimer]], begûn Diderik stadichoan it Romeinsk gesach tsjin te wurkjen. Nei de ekspedysje's yn Spanje hied er dêr al koloanjes mei soldaten efter litten, saneamd om de rust te hanthavenjen, mar yn it echt wie it in besettingsmacht. De nije keizer [[Majorianus]] pikte dat net en twong Diderik II yn [[460]] op 'e nij it Romeinsk te te erkennen. De enerzjike Majorianus sette in fjildtocht tsjin de [[Fandalen]] útein wêr't ek de Fisigoaten twongen waarden oan mei te dwaan. Dizze fjildtocht ferrûn lykwols rampsillich, de Romeinen lieden in delslach en dat soe grutte gefolgen hawwe.
 
Yn Itaalje kaam it Romeinske leger ûnder generaal Risimer yn opstân en sette keizer Majorianus oan de kant. [[Libius Severus]], in strieman fan Risimer waard ta nije keizer beneamd. It Romeinske leger yn [[Galje]] ûnder generaal [[Aegidius]] wie hjir folslein op tsjin en makke him op om Itaalje binnen te fallen. Dat konflikt paste prima yn Diderik syn plannen him fierders te ûndwaan fan it Romeinske gesach. Yn ruil foar de havenstêd [[Narbonne]] en omjouwing keas er de side fan Risimer. Dermei ferkrige de Fisifoaten in open ferbining mei de [[Middellânkse See]]. Tegearre mei de [[Boergonden]] waard generaal Aegidius it paad nei Itaalje ôfsnijen.
 
In oar plan fan Diderik om it Fisigoatysk gebiet fierder ten noarden fan de [[Loire]] út te wreidzjen, stil misleare. Yn 463 loek er oan it haad fan syn leger op tsjin it Romeinske leger ûnder Aegidius, dy't in eigen [[Gallo-Romeinske ryk]] stifte hie yn Noard-Galje. By [[Slach by Orleans|Orleans]] liede Diderik in swiere delslach en joech as gefolch dêrfan fierdere pogingen op. Yn [[466]] stoar Diderik II en waard opfolge troch syn broer [[Eurik]].
 
=== Literatuer ===
* {{aut|Hermann Schreiber}}, ''de Goten, vorsten en vazallen'', (1979).
 
[[Kategory:Kening fan de Fisigoaten]]