Tsjêbbe Hettinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
rûnwei garre
 
tikflaterkes
Rigel 1:
'''Tsjêbbe Hettinga''' ([[Burchwert]], [[15 jannewaris]] [[1949]]) is in Fryske dichter, sjonger en saksofoanist. As boeresoan gie er nei de kweekskoalle en wurke dêrnei as opnametechnikus by de blinebibleteek yn Grins. Yn [[1986]] hellet er it doktoraal eksamen Frysk en Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Sûnt 1982 wennet er yn Ljouwert. Tsjêbbe is de broer fan dichter [[Eeltsje Hettinga]]. Winterdeis jout er workshops/ kursussen gedichten skriuwen.
 
Yn [[1971]] ferskynde syn earste literêre wurk en krige dêrfoar de [[Rely-Jorritsmapriis]], in belangrike priis foar Fryske literatuer. Yn 2001 wûn Hettinga de belangrykste priis foar Fryske literatuer, de [[Gysbert Japicxpriis]].
 
Syn wurk is oerset yn it Hollânsk, Ingelsk, Dútsk, FrânsFrânsk en Spaansk. Hettinga krige in protte lanlike bekendheid troch syn foardracht op de Frankfurter Buchmesse yn oktober 1993. Omdat Tsjêbbe sokke minne eagen hat docht er alles út'e holle, wêrby't hy saafollesafolle mooglik lading oan it wurk jout troch it brûken fan syn stim. Syn poezijpoëzij giet in soad oer it lânskip om him hinne, maarmar ek oer Wales en Grikelân.
Hy joech optredens foar ynternasjonale festivals as op it Festival Internacional de Poesía de Medellín (Kolombia), it "Poetry International Festival" yn Rotterdam, de Barcelona Book Fair (Spanje), de Writers' Week yn Listowel (Ierlân) en it London Festival of Literature (Grut-Brittanje).
 
Op 8 jannewaris 2006 waard troch de VPRO in dokumintêre oer it libben fan Tsjêbbe Hettinga útstjoerd. Hjirfoar hat [[Pieter Verhoeff]] de dichter twa jier lang folge. De film is ek ferskynd yn it Ingelsk.