Tsjêbbe Hettinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tikflaterkes
No edit summary
Rigel 1:
'''Tsjêbbe Hettinga''' ([[Burchwert]], [[15 jannewaris]] [[1949]]) is in Fryske dichter, sjonger en saksofoanist. As boeresoan gie er nei de kweekskoalle en wurke dêrnei as opnametechnikus by de blinebibleteek yn Grins. Yn [[1986]] hellet er it doktoraal eksamen Frysk en Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Sûnt 1982 wennet er yn Ljouwert. Tsjêbbe is de broer fan dichter [[Eeltsje Hettinga]]. Winterdeis jout er workshops/ kursussen gedichten skriuwen.
 
Yn [[1971]] ferskynde syn earste literêre wurk en krige dêrfoar de [[Rely- Jorritsmapriis]], in belangrike priis foar Fryske literatuer. Yn 2001 wûn Hettinga de belangrykste priis foar Fryske literatuer, de [[Gysbert Japicxpriis]].
 
Syn wurk is oerset yn it Hollânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk. Hettinga krige in protte lanlike bekendheid troch syn foardracht op de Frankfurter Buchmesse yn oktober 1993. Omdat Tsjêbbe sokke minne eagen hat docht er alles út'e holle, wêrby't hy safolle mooglik lading oan it wurk jout troch it brûken fan syn stim. Syn poëzij giet in soad oer it lânskip om him hinne, mar ek oer Wales en Grikelân.