Eeltsje Hettinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Erwin (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "81.204.127.133" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Cometstyles".
Alle ynhâld fan de side weismiten
Rigel 1:
'''Eeltsje Hettinga''' (* [[1955]]) is in Fryske [[skriuwer]] en [[dichter]]. Hy publisearre de poezijbondels: 'Akten fan Winter', 'Dwingehof' en 'Yn 'e fal fan jûn'. De lêste skreau er tegearre mei [[Eric Hoekstra]] ûnder it pseudonym ''Hu Thung-song''. Foar 'Akten fan winter' krige Hettinga yn [[1999]] de [[Fedde Schurerpriis]]. Hettinga wie ek de driuwende krêft efter it Frysk-literêre ynternettydskrift, [[Kistwurk]].
 
== Eftergrûn ==
Hoewol't Eeltsje Hettinga nei de Pedagogyske Akademy yn Ljouwert gie en boppedat in oplieding ta learaar Nederlânsk folge, keas hy foar de sjoernalistyk. Yn it earstoan wie hy redakteur fan it wykblêd [[De Nije]], mar yn [[1983]] waard hy selsstannich sjoernalist, en siet dêrom fiif jier yn de [[Feriene Steaten]]. Hy is ynteressearre yn byldzjende keunst. Hettinga is in jongere broer fan de Fryske dichter [[Tsjêbbe Hettinga]].
 
== Dichter ==
Hettinga debutearre yn [[1977]] as dichter yn it literêre tydskrift [[Trotwaer]], in tydskrift wêryn't hy jierrenlang publisearje soe, krektas yn ûnder oare it blêd [[Hjir]]. Foar fjouwer fan syn fersen waard hy ûnderskieden mei in [[Rely Jorritsmapriis]] (yn 1988, 1991, 1994 en 1997). Ek waard in fers fan him opnomd yn de blomlêzing ''Spegel fan de Frysk poëzij fan de [[17e ieu]] oant hjoed'' (1994) fan [[Teake Oppewal]] en [[Pier Boorsma]]. Pas yn 1998 kaam lykwols syn earste dichtbondel út, ''Akten fan winter'', wêrfoar't him in jier letter de [[Fedde Schurerpriis]] takend waard. ''Akten fan winter'' waard troch kritisy goed ûntfongen, benammen om de sterke ienheid fan foarm, taal en tematyk. Ek Hettinga's twadde dichtbondel ''Dwingehôf'' (2000) krige positive resinsjes: [[Abe de Vries]] fûn it ien fan de grutte dichterlike prestaasjes yn it neioarlochske Fryslân. De Vries beskriuwde yn syn resinsje Hettinga's tematyk as ''"in persoanlike mytology fan ferline, oantinkens en dea"''.
 
Tegearre mei de taalkundige/dichter [[Eric Hoekstra]] publisearre Hettinga yn 2002 ûnder it [[pseudonym]] ''Hu-Thung-song'' in bondel gedichten yn Sineeske styl, ''Yn 'e fal fan 'e jûn''. Hettinga, troch sommigen wol beskôge as it ''enfant terrible'' fan de Fryske literatuer, sei oer dizze bondel: ''"Literatuer is foar in part ek in grap. Sels josels moatte jo sa no en dan foar skut sette"''.
 
Yn 2006 ferskynde Hettinga's tredde bondel, ''Apreos'', wêryn't hy him ynspirearje liet troch keunstners as [[Edward Hopper]], [[Elmar Kuiper]] en benammen troch de Grinzer skilder [[Siep van den Berg]].
 
== Oersetter ==
Hettinga sette wurk oer fan ûnder oare [[Ingeborg Bachmann]], [[Georges Bataille]], [[Slauerhoff]] en [[Tomas Tranströmer]] yn it Frysk. Ek wie hy ferantwurdlik foar de einredaksje fan ''Der is gjin dêr, dêre'' (2003) fan [[Ronald Giphart]], dat yn it Nederlânsk skreaun waard, mar net yn dy taal publisearre waard.
 
== Oare aktiviteiten ==
Yn febrewaris [[2002]] rjochte Hettinga tegearre mei [[Elske Schotanus]] de [[Stifting Cepher]] op, in organisaasje dy't it befoarderjen fan [Fryske) letterkunde, literatuer en sjoernalistyk as doel hat. Hettinga wie de driuwende krêft efter ynternettydskrift [[Kistwurk]] (2000-2003), ien fan de projekten fan Cepher. Hy wie ek anneks by twa publikaasjes fan dizze stifting, de gedichtenbondels ''Wrâld, finster, gedicht'' (2003) en de trijetalige publikaasje ''gjin Grinzen, de Reis / geen Grenzen, de Reis / no Borders, the Voyage'' (2004). Sûnt 2005 is Hettinga redaksjelid fan it ynternettydskrift [[Go-gol|GO-GOL]], in oar projekt fan Cepher. Ook begeleidt hij beginnende dichters.
 
Hettinga wie de oprjochter fan it (net mear besteande) ienmans-ynternettydskrift [[Erosmos]].
 
== Wichtichste publikaasjes ==
 
==== Poëzij ====
*1998: ''Akten fan winter''
*2000: ''Dwingehôf''
*2002: ''Yn 'e fal fan jûn'' (mei Eric Hoekstra, ûnder it pseudonym ''Hu Thung-song'')
*2006: ''Apreos''
 
==== Oar wurk ====
*1994: ''Abe Gerlsma'' ([[monografy]] oer dizze keunstner)
*2003: ''Slauerhoff'' (gedichten fan Slauerhoff, oersetten troch [[Eppie Dam]], Abe de Vries en Eeltsje Hettinga, ynlieden troch Eeltsje Hettinga)
*2003: einredaksje fan ''Der is gjin dêr, dêre'' fan Ronald Giphart
 
==== Prizen ====
*1988: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht ''Ofskied''
*1991: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht ''Nacht oer Greonterp''
*1994: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht ''It hinnekleed fan winter''
*1997: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht ''De Woldberch''
*1999: Fedde Schurerpriis foar de gedichtebondel ''Akten fan winter''
 
== Boarnen ==
*[http://www.tresoar.nl/mmtresoar/main/content_pagina_volledig_teaser_rechts.jsp?lang=nl&pagina=12786&stylesheet=frieseschrijvers.css Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum - ''Hettinga, Eeltsje'']
*[http://www.dbnl.nl/tekst/_nie012199901_01/_nie012199901_01_0022.htm Digitale Bibleteek fan de Nederlânske Letteren - ''Oerset- en debútpriis Provinsje Fryslân'']
*[http://home.planet.nl/%7Emeul2882/fries/Hettinga,Eeltsje.html Friese-literatuerside fan Jelle van der Meulen - ''Eeltsje Hettinga'' (oer ''Apreos'')]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.cepher.nl Webstee Stifting Cepher]
 
[[Kategory:Fryske dichters|Hettinga, Eeltsje]]
[[Kategory:Fryske oersetters|Hettinga, Eeltsje]]
[[Kategory:Fryske skriuwers|Hettinga, Eeltsje]]
 
[[nl:Eeltsje Hettinga]]