Ferskil tusken ferzjes fan "Animisme"

Gjin feroaring yn grutte ,  12 jier lyn
L (Bot - derby: sq:Animizëmi)
Yn it leauwe fan ’e [[Yanomami]], fan noardwestlik [[Brazylje]] en súdlik [[Fenezuëla]], binne benammen de geasten fan ’e bisten en planten wichtich. Dy moatte te freon holden wurde troch seremoanjes dêr’t de dielnimmers, útslutend manlju, gebrûk by meitsje fan ferdôvjende middels. De [[Apajo]], út ’e noardlike [[Filipinen]], leauwe ûnder mear yn geasten dy’t allerhanne foarmen oannimme kinne, lykas dy fan minsken, bisten, reuzen en meunsters. De [[Kanaken]] fan [[Nij Kaledoanje]] leauwe dat de geasten fan ’e ferstoarnen nei de dea grutte macht krije en dêrom tefreden holden wurde moatte. Se leauwe ek yn natoergeasten en bringe oan ’e hiele geastewrâld offers, om’t dêr neffens harren in sûn libben fan ôfhinget.
 
De [[Kree]], fan sintraal [[Kanada]], leauwe yn ’e ''chupi'', de geasten fan ’e ferstoarnen, dy’t sawol troch de bosken swalkje, as troch de loft reizgje kinne. It [[noarderljocht[[]] neame se ''pahkukkar-nemichik'', “de dûns fan ’e sielen”. De [[Mentawaiers]], fan westlik [[Yndoneezje]], leauwe yn in grut ferskaat oan geasten, dêr’t dy fan ’e loft, de see, it wâld en de ierde it machtichst fan binne. Der binne ek twa wichtige riviergeasten: [[Ina Oinan]] is goed, [[Kameinan]] is kwea. De [[Xhosa]], fan [[Súd-Afrika]], leauwe dat immen troch hekserij yn besit nommen wurde kin troch ien of mear kweageasten. De gefaarlikste kweageasten binne de ''tokoloshe'', dy’t ornaris yn it wetter libje.
 
Neffens de [[Ibo]], fan súdeastlik [[Nigearia]], krijt immen syn ''chi'' of lot rjochtstreeks fan [[Chukwu]], de goede skepper. In deade jout syn ''chi'' werom om him dêrnei by de wrâld fan ’e foarâlden en oare geasten te foegjen. Dêrwei wekket er dan oer syn libbene neikommelingen. Mooglik keart er ienris werom nei de wrâld fan ’e libbenen mei in nij ''chi''. Dejingen dy’t in minne dea stoaren, bygelyks troch selsmoard of yn it kreambêd, waard lykwols eartiids in begraffenis ûntkeard; sy waarden yn it oerwâld smiten, dêr’t se omdoarmjende kweageasten waarden.
56.981

bewurkings