Aldskou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Keppeling
tekst
Rigel 1:
'''Aldskou''' is in [[buorskip]] bytusken [[Akkrum]] en [[Jirnsum]] yn de gemeente [[Boarnsterhim]].
 
It plak fan Aldskou hat al ieuwen lang in wichtich punt west. De [[Griene Dyk]], de [[Alde Wjittering]] en it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen yn de rin fafan'e tiid tagong ta [[Snits]] en it súdwesten fan [[Fryslân]], de [[Boarn]] en de dykendiken dêr bylâns joegen nei it easten tagong ta de [[Wâlden]], en ek de Boarn en letter it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen tagong ta [[Ljouwert]] en it noarden fan Fryslân. It behearskenbehearskjen fan Aldskou en [[Jirnsum]] hat dan ek yn in rige fan oarloggen fan strategysk belang west.
 
Sûnt op syn minst de [[17e ieu]] hat hjir in fearhûs en postiljonthûs west. OantenmeiOant en mei [[1839]] hie [[Ljouwert]] hjir in [[fear]] en in fearhûs, om't hjir de [[wei nei Oerisel]] oer de [[Alde Wjittering|Wjittering]] hinne moast, mar sûnt [[1840]] leit hjir in brêge. Mei it tanimmen fan it ferkear oer de wei waard ek de brêge fan strategysk belang, wat er west hat oant en mei de [[Twadde Wrâldkriich]].
 
Om't hjir it Prinses Margrietkanaal hjir de Boarn krúst is it hieltyd noch in drok punt op it wetter, en is der noch altiten in útspanning.
 
== Sjoch ek ==