Ferskil tusken ferzjes fan "Animisme"

4 bytes lytser ,  12 jier lyn
]]
(]])
Hoewol’t animisme dus net allinne mar yn natoerreligys foarkomt, is it wol sa, dat it dêr ornaris fierder yn trochfierd is; sa leaut men bygelyks faak dat net allinne minsken, mar ek bisten, planten en libbenleaze dingen lykas stiennen, wetter, fjoer, wyn en rein, in siel of geast hawwe. Sokke geasten wurde natoergeasten neamd. Noch wer oare geasten belichemje net in beskate minske of plant of in beskaat bist of ding, mar binne goed of kwea en wurde ornaris beskerm- en kweageasten neamd.
 
Yn it leauwe fan ’ede [[Yanomami]], fan noardwestlik [[Brazylje]] en súdlik [[Fenezuëla]], binne benammen de geasten fan ’e bisten en planten wichtich. Dy moatte te freon holden wurde troch seremoanjes dêr’t de dielnimmers, útslutend manlju, gebrûk by meitsje fan ferdôvjende middels. De [[Apajo]], út ’e noardlike [[Filipinen]], leauwe ûnder mear yn geasten dy’t allerhanne foarmen oannimme kinne, lykas dy fan minsken, bisten, reuzen en meunsters. De [[Kanaken]] fan [[Nij Kaledoanje]] leauwe dat de geasten fan ’e ferstoarnen nei de dea grutte macht krije en dêrom tefreden holden wurde moatte. Se leauwe ek yn natoergeasten en bringe oan ’e hiele geastewrâld offers, om’t dêr neffens harren in sûn libben fan ôfhinget.
 
De [[Kree]], fan sintraal [[Kanada]], leauwe yn ’e ''chupi'', de geasten fan ’e ferstoarnen, dy’t sawol troch de bosken swalkje, as troch de loft reizgje kinne. It [[noarderljocht]] neame se ''pahkukkar-nemichik'', “de dûns fan ’e sielen”. De [[Mentawaiers]], fan westlik [[Yndoneezje]], leauwe yn in grut ferskaat oan geasten, dêr’t dy fan ’e loft, de see, it wâld en de ierde it machtichst fan binne. Der binne ek twa wichtige riviergeasten: [[Ina Oinan]] is goed, [[Kameinan]] is kwea. De [[Xhosa]], fan [[Súd-Afrika]], leauwe dat immen troch hekserij yn besit nommen wurde kin troch ien of mear kweageasten. De gefaarlikste kweageasten binne de ''tokoloshe'', dy’t ornaris yn it wetter libje.
Yn natoerreligys binne de sielsfoarstellings by minsken almeast yngewikkelder as yn bygelyks it Kristendom. Der besteane nammentlik faak ferskate sielsfoarstellings njonkeninoar, dy’t ferbûn wêze kinne mei ferskillende aspekten fan it wêzen fan ’e minske, lykas azem, skaad, namme, fitaliteit, sûnens, fruchtberens, moed, ensfh., en dy’t ferskillende funksjes ferfolje. De [[Shui]], fan súdlik [[Sina]], leauwe bygelyks dat de minske tolve ferskillende sielen hat, dy’t nei de dea troch tige yngewikkelde deadetaboes en begraffenisrituëlen allegearre nei it krekte hjirneimels stjoerd wurde moatte.
 
Fan sokke al of net njonkeninoar foarkommende sielsfoarstellings binne guon by steat en ferlit it lichem, wylst oare dat net kinne. De [[Bataks]] fan noardlik [[Sumatra]], bygelyks, leauwe yn ’e ''tondi''. It begryp ''tondi'' is de siel, de geast, de essinsje fan jins yndividualiteit. De [[Bataks]] leauwe dat dy him foar de berte ûntwikkelet en net yn, mar tichteby it lichem tahâldt. Ut en troch giet sa’n ''tondi'' fierder by it lichem wei, mei sykte as gefolch. Dêrom is it essinsjeel foar [[Bataks]] om offers te bringen oan harren eigen ''tondi'', sadat dy by har bliuwe sil.
 
De [[Inuit]] leauwe yn ’e siel of “azem” fan ’e minske, dy’t fuortlibbet nei syn of har dea. Ut ’e lichems dy’t op it lân bliuwe, wurdt de siel opnommen troch de kâlde en ûnnoflike loft; út ’e lichems dy’t yn ’e see telâne komme, kin de siel nei de waarme, rike jachtgrûnen op ’e seeboaium gean. Sadwaande kaam de Middeneastlike noasje dat de hel in waarm plak is, de Inuit wol tige frjemd foar.
De [[Mentawaiers]], fan ’e [[Mentawai-eilannen]], yn westlik [[Yndoneezje]], leauwe dat alle minsken, bisten en dingen ''kina'', geasten, hawwe, dy’t har libje litte. De ferearing fan ’e minsklike siel is in essinsjeel ûnderdiel fan harren godstsjinst. Se leauwe dat de siel it lichem ferskate kearen ûnder it libben ferlit, dêrmei dreamen of yn slimmere gefallen sykte feroarsaakjend, foar’t er úteinlik foargoed ûntsnapt by de dea. Dêrnei wurdt de siel transformearre yn in geast, in ''sanitu''. De [[Mentawaiers]] besykje dy geasten safolle mooglik te mijen, om’t se as tige gefaarlik beskôge wurde.
 
By de folken fan de noardwestkust fan [[Noard-Amearika]] wie foarhinne it leauwen yn reynkarnaasje of, minder spesifyk steld, in foarôfgeand bestean fan ’e siel, tige algemien. Guon stammen leauden ek yn metemsomatoaze, it reynkarnearjen fan ’e siel yn mear as ien lichem tagelyk. Sadwaande wie yn dat gebiet de foarâldenferearing bysûnder sterk.
 
It is foar Westerlingen faak dreech om sokke sielsfoarstellings faninoar en fan besibbe begripen te ûnderskieden. Sa is by de [[Eskimo’s]] de ''inua'' of ''yua'', letterlik: “jins minske”, itjinge dat jin ta minske makket, net allinne de beneaming foar in wichtige sielsfoarstelling, mar ek foar de wichtichste geastlike natoerkrêft.
56.981

bewurkings