Ferskil tusken ferzjes fan "Wetterskip Fryslân"

red
(red)
It jier dêrop besluet kening [[Willem I fan de Nederlannen|Willem I]] (1772-1843) in adviseur nei Fryslân ta te stjoeren, [[Edmond de la Coste]] (1778-1870), dy’t in oplossing foar de sitewaasje betinke moast. Yn it rapport dat hy nei syn reis útbrocht, beskreaun De la Coste detroch ferfeantingen ûntstiene wetterplassen sa:
:''"Deze waterplassen zijn <small>(...)</small> verwoestend en vernielend bij storm, en vooral wanneer <small>(...)</small> het boezemwater van Vriesland zich in de zee niet kan ontlasten maar over de lage landen door de winden heen en weer gedreven wordt, zijn de <small>(...)</small> plassen <small>(...)</small> woedende meeren, waarvan de golven <small>(...)</small> de naburige gronden afkabbelen <small>(...)</small> de wegen wegspoelen <small>(...)</small> en de plaatsen waar dorpen staan voor de bewooning van menschen bijna onvatbaar maken"''.
Dochs stie De la Coste gjin yngripende maatregels foar. Nei oanlieding fan syn befinings waarden de Fryske [[gritenij]]en yn fjouwer klassen opdield, elk mei in eigen ferfeantingsreglemint. Feanterijen yn gritenijen fan de earste klasse koenen foarearst op âlde foet trochgean. Dizzen hoegden yn earste ynstânsje dus net droechlein te wurden, wat dêrtroch yn guon feanterijen noch ûngefear tritich jier duorje soe. Wol waarden dizze gritenijen slyk- en earmenjild heft. In kolleezje fan “kommitearden”waard“kommitearden” waard ûnder oare belêste mei de kontrole op it ynjen en de besteging hjirfan. Dizze kolleezje soenen har letter ûntwikkelje ta feanpolderbestjoeren..
 
Doe’t om 1850 hinne de provinsje Fryslân it needsaaklik achte om in tal feanterijen droech te lizzen, waarden de feanpolders oprjochte. Dizzen waarden net lykas de wetterskippen kontrolearre troch de grûneigeners, mar troch [[Deputearre Steaten]] fan Fryslân, wêroan de polderberstjoeren foar in soad hannelingen tastimming freegje moasten.
==== Boezemwetterskippen ====
[[Image:Provfriesland.gif|right|thumb|180px|Fryslân yn 1868]]
In oare kategory binnendykse wetterskippen wienen de saneamde [boezemwetterskip]]pen. Dizze waarden yn Fryslân benammen nei 1875 oprjochte, neidat yn de rin fan de [[19e ieu]] hieltyd mear [[Boezem (wetter)|boezemlân]] foar de lânbou ynpoldere wie. De ynstelling fan dizze wetterskippen waard oanmoedige troch de provinsje, dy’t hjiryn in goede manier seach om de wetterbehearsking te ferbetterjen. Boezemwetterskippen moasten leechlizzende stikken lân bedykje en sa beskermje tsjin hege [[Boezem (wetter)|boezemwetterstannen]]. Ek waarden se ferantwurdlik foar it bemeallen fan dizze gebieten. It heechste bestjoersorgaan fan in boezemwetterskip wie de gearkomste fan yngelannen, dy’t meast ienkear yn it jier gearroppen waard. DEDe deiske gong fan saken wie yn hannen fan in bestjoer, dat troch de yngelannengearkomst beneamd waard.
 
==== Fúzjes ====
By de provinsje groeiden yn de rin fan de [[20e ieu]] stadichoan mear beswierren tsjin it grutte tal wetterskippen yn Fryslân, hoewol’t om 1958 noch altyd in tredde part fan de provinsje by gjin inkel wetterskip hearde.
 
Nei fúzjes yn 1938 en yn it begjin fan de jierren sechtich bleaunen noch alvefalve ''seewarrende wetterskippen'' oer, dy’t yn 1980 fusearre waarden ta it ''Wetterskip Fryslân''. Yn 1993 gie dit op yn it nije ''Waterschap Friesland'', dat ek ferantwurdlik waard foar de nije wetterstân yn de Fryske boezem, de [[wettersuvering]] yn de provinsje en de wetterbehearsking op [[It Amelân]], [[Skiermûntseach]] en [[Skylge]]. Inkele jierren letter waard dit wetterskip omneamd ta ''Wetterskip Fryslân''.
 
Wat de ''net-seewarrende wetterskippen'' oanbelanget: yn 1958 telde Fryslân sa’n 1200 polders, feanpolders en wetterskippen. Sommige dêrfan wienen mar tige beskieden fan omfang, lykas it by Ljouwert lizzende wetterskip [[De Hûn (wetterskip Fryslân)|De Hûn]], dat mar krekt 27 [[hektare|ha]] grut wie. Yn de looprin fan de tiid waarden dan ek in soad wetterskippen gearfoege. Dêrby spile ek de [[ruilferkaveling]] in rol: Atat dizze yn in bepaald gebiet dien wie, waarden nije wetterbouwurken yn eigendom oerdroegen oan it wetterskip dat foar de bemealling fan dat gebiet ferantwurdlik wie. De behear- en ûnderhâldskosten fan dizze wurken wienen lykwols heech en koenen troch de lytsere wetterskippen net opbrocht wurde. Boppedat wienen dizze finansjeel nei by steat om beropskrêften yn tsjinst te nimmen. Resultaat fan dizze ûntwikkelingen wie, dat yn 1976 nog mar alve boezemwetterskippen oer wienen. Yn 1997 waard dit oantal noch ris werombrocht ta fiif: it [[Wetterskip Boarn en Klif]], it [[Wetterskip Lauwerswâlden]], it [[Marne-Middelsee|Wetterskip Marne-Middelsee]], it [[Wetterskip Sânwâlden]] en it [[Wetterskip De Waadkant]]. Dizze fusearren yn 2004 mei it Wetterskip Fryslân, dat sûnt dy tiid yn oerflakte it grutste wetterskip fan Nederlân is. It ienichste oare wetterskip yn Fryslân is het noch altyd selsstannige [[Blije Bûtendyks]] yn de gemeente [[Ferwerderadiel]], dat bûten de fúzjegolvenfúzjeweagen bleau.
 
== Taken ==
[[Image:J.L.Hooglandgemaal.jpg|right|thumb|180px|[[J.L. Hooglandgemaal|Hooglandgemaal]], [[Starum]] (2007)]]
 
De kearntaken fan it Wetterskip Fryslân binne: it behear fan de kwaliteit en kwantiteit fan it Fryske oerflaktewetter en de soarch foar de see- en polderdiken en de soarch foar de see- en polderdiken yn de provinsje. It wetterskip ferdielt dizze taken yn in trijetal saneamde “tema’s".
* ''Feilichheid''. Hjirûnder falle de rampebestriding en it ûnderhâld, de ferbettering en it beweitsjen fan hast 190 km ''[[primêre wetterkearing]]s''. Hjirmei wurde de diken bedoeld lâns de [[Iselmar]], de [[Waadsee]], op It Amelân en Skylge en inkele diken by de grins mei [[Oerisel]]. De soarch foar de ''[[sekundêre wetterkearing]]s'' (de diken efter de seediken lâns de Waadsee en by de [[Lauwersmar]], en ek mear as 3600 km [[ouwer]]s en [[kaai]]en yn de provinsje) falt hjir ek ûnder. Ek de [[muskusrôt]]bestriding makket is der in ûnderdiel fan. Fierders heart ek it behear en it ûnderhâld fan hûnderten [[Gemaal (wetterbou)|gemalen]] yn Fryslân by dizze taak.
* ''Genôch wetter''. Fan alle oerflaktewetters yn Fryslân is yn in ''Provinsjaal Wetterhúshâldingsplan'' fêstlein hokker funksje se ferfolje. It Wetterskip Fryslân is derfoar ferantwurdlik dat yn al dizze gebieten ferskate ( soms tsjinstridige) belangen fan bygelyks lânbou, natoerbehear en skipfeart sa goed mooglik mei elkoar feriene wurde. In wichtich aspekt dêrfan is it hanthavenjen fan de [[Peil|wetterpeilen]]. Dizze binne troch it wetterskip fêstlein yn [[peilbeslút|peilbesluten]] en kinne per gebiet en seizoen ferskillend wêze. Foar de útfiering fan dizze taak makket it Wetterskip Fryslân gebrûk fan [[spuislûs|spuislûzen]], wêrfan de wichtichste dy yn [[Dokkumer Nije Silen]] en [[Harns (stêd)|Harns]] binne. Ek it [[Yr. D.F. Woudagemaal]] by [[Teakesyl]] en it [[J.L. Hooglandgemaal]] yn [[Starum]] spylje hjirby in rol. Mei dizze beide gemalen kin teffens yn tiden fan droechte wetter út de Iselmar ynlitten wurde yn de provinsje. Yn gefal van wetteroerlêst kin it wetterskip foar it bemeallen fan de Fryske boezem ek de tsientallen [[poldermole]]s, ynsette, wêrfan de organisaasje in oantal yn eigendom hat.
* ''Skjin wetter''. Ek de [[Wettersuvering|suvering]] fan it oerflaktewetter yn Fryslân falt ûnder de ferantwurdlikheid fan it Wetterskip Fryslân. Foar it útfieren fan dize taak, dy’t ek yn it wetterhúshâldingsplan omskreaun is, brûkt it wetterskip in tritich [[rioelwettersuveringsynstallaasje]]s ferspraat oer de provinsje. It wurket hjirby gear mei gemeenten en de provinsje.
 
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.friesarchiefnetwetterskipfryslan.nl/index.php?view=article&id=202&option=com_content FriesArchiefNetWebstee - ''Wetterskip Fryslân - Skiednis'']
* [http://www.wetterskipfryslan.nl/ Webstee Wetterskip Fryslân - ''Taken/Organisaasje'']
 
== Boarnen ==
* [http://www.friesarchiefnet.nl/index.php?view=article&id=202&option=com_content FriesArchiefNet - ''Waterschap Friesland - Geschiedenis'']
* [http://www.wetterskipfryslan.nl/ Webstee Wetterskip Fryslân - ''Taken/OrganisaasjeOrganisatie'']
 
{{Koördinaten|53_12_16.4_N_5_46_9_E_type:landmark_zoom:17_region:NL|53° 12' 17" NB 005° 46' 9" EL}}
11.721

bewurkings