Hingjende tunen fan Babylon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynkoarten fan nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 1 okt 2008 om 23.05

De hingjende tunen fan Babylon wienen in botanysk en arsjitektoanysk keunstwurk dat tsjintwurdich rekkene wurdt ta de sân klassike wrâlswûnders. Dizze tunen waarden yn 6e ieu f. Kr. boud en oanlein yn opdracht fan de Babyloanyske koning Nebukadnezar. It wurk doarre fan 606 oant 562 f. Kr.. Nei alle gedachten wie de oanlis it gefolch fan de winsken fan de nije frou fan de kening, Amytes, dy't ôfkomstich wie út bergeftige omkriten, en went wie om in soad grien om har hinne te hawwen en dat de kening har helpe woe te wennen oan it libben yn it grutte Babylon. Ek de heal-legindaryske keningin Sammu-ramat wurdt as bouwer neamd.

Ofbylding skildere troch de Nederlânske keunstner Martin Heemskerck út de 16e ieu

It bousel bestie út in searje terrassen, omheine troch muorren mei toarren. De muorren weinen beplante mei beammen, struken en blommen. De tunen 'hongen' as it wiere boppe de oere fan de rivier de Eufraat. Bysûnder wie de wize fan yrrigaasje: kanalen ûnder de grûn moasten soarge foar de tafier fan wetter.

Boarnen

Oer de Babyloanyske tunen waard wiidweidich skreaun troch Grykske histoarisy lykas Strabo en Diodorus Siculus. Konkrete bewizen fan de tunen binne lykwols net beware bleaun.