Albrecht fan Saksen: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
[[ |
st |
||
Rigel 25:
==Libben==
Op tolvejierrige leeftyd waard hy tegearre mei syn broer [[Ernst fan Saksen]] ûntfierd troch in [[Kunz
Yn [[1464]] troude hy Sidonia, dochter fan [[George fan Podiebrad]], kening fan [[Bohemen]], mar hy krige net de kroan fan Bohemen doe't Georg yn [[1471]] ferstoar.
Letter yn [[1464]] stoar karfoarst Freark II, en Albrecht en Ernst besletten tegearre oer Saksen te hearskjen. Yn [[1485]] waard Saksen lykwols oanfallen troch [[Thüringen]]. By it [[Ferdrach fan Leipzig]] waard Saksen yn twaën splist: Albrecht krige it westlik gedielte fan Saksen ([[Markgreefskip Meißen|Meißen]]), syn broer bleau Karfoarst fan Saksen, en hold de kontrôle oer de eastlike dielen fan Saksen ([[Wittenberch]]). Omdat Saksen-Meissen folle riker wie as de Ernestynske dielen fan Saksen, en Albrecht no ek it noarden fan Thüringen yn wist te liivjen, waard Albrecht ferplichte 100
Yn [[1475]], yn de kampanje tsjin [[Karel de Stoute]] fan [[Hartochdom
Yn [[1488]] holp Albrecht om [[Maximiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk|Maksimiliaan I]] te befrijen neidat rebellen yn [[Brugge]] him finzen set hienen. Yn 1489 waard Albrecht efterlitten as syn plakferfanger om de oarloch fuort te setten, en hy wist foar Maksimiliaan de greefskippen [[Greefskip Hollân|Hollân]], [[Greefskip Flaanderen|Flaanderen]] en [[Hartochdom Brabân|Brabân]] werom te feroverjen, mar omdat him net tastien waard dizze distrikten te plonderjen, liede dit ta in grut finansjeel ferlies.
Rigel 37:
==Yn Fryslan en Grinslân==
As betelling foar syn tsjinsten makke Maximiliaan Albrecht yn [[1498]] ta gûverneur (''[[potestaat]]'') fan [[Fryslân]]. Fryslân, de [[Ommelannen]] ynbegrepen, hie himsels altyd as frij sjoen. It makke wol diel út fan it Hillige Roomske Ryk, mar seach himsels as ryksûnmidlik. It hie nea in Hear kend. De Fryske lannen waarden oan de ein fan de [[15e ieu]] it striidtoaniel fan de konflikten tusken [[Skieringers en Fetkeapers]]. De stêd [[Grins (stêd)|Grins]] like yn dy konflikten de ienige machtsfaktor dy't aktyf optrede koe en wreide har macht út oant sawat hiel Fryslân en Grinslân. Om de macht fan de stêd te beheinen waard Albrecht troch guon yn Fryslân mei iepen earmen ûntfongen. Hy wist Fryslân foar it grutste part ûnder kontrôle te krijen en waard ek troch Grinslân as hear erkend. Sa gau as't er werom gien wie nei Saksen-Meissen bliek syn erkenning lykwols benammen in lippetsjinst. [[Grinslân]] waard binnenfallen troch de greve fan [[greefskip East-Fryslân|East-Fryslân]].
Koart dêrnei stoar Albrecht tichteby [[Emden]], en waard begroeven yn Meissen. Hy waard opfolge troch syn soannen [[Hindrik V fan Saksen]] en [[Joaris mei it Burd]].
|