Geaupolder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
flaterke
Rigel 1:
De '''Geaupolder''' is in natoergebiet oan de súdwestside fan de [[Snitser Mar]]. De Geaupolder, dat in eilân foarmet, leit yn de gemeente [[Wymbritseradiel]], ten easten fan it twillingdoarp [[Toppenhuzen]]/[[Twellingea]]. It is in [[simmerpolder]], dy't winterdeis ûnder wetter stiet en yn de simmer wurdt bemeald troch de [[Geau's Mole]], in út de earste helte fan de [[19e ieu|njoggentjinde ieu]] kommrendekommende [[spinnekopmole]]. Dêrmei is it ien fan de pear polders yn Nederlân wêrfan de wetterstân allinnich mei wynkrêft regele wurdt. It gebiet is eigendom fan [[Steatsboskbehear]], dat it behear fan dielen derfan spesjaal rjochtet op [[greidefûgel]]s. Yn de polder kommme de [[hoants]] en de [[wettersnip]] foar. De ouwers fan de polder, dy't te lijen hawwe fan de ôfslach troch de weagen op de Snitser Mar, binne fersterke mei basaltblokken. Hjirop binne by tiden [[wipsturtgril]]len te sjen.
 
== Keppeling om utens ==