Jehan Willem Friso fan Nassau-Dietz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
útwreiide, ynkoarten fan nl
Rigel 1:
[[Ofbyld:JohanWillemFriso.jpg|right|thumb|250px|Johan Willem Friso]]
'''Johan Willem Friso''' ([[Dessau]], [[4 augustus]] [[1687]] - [[Strijensas]], [[14 july]] [[1711]]), foarst fan [[Nassau-Dietz]] (1696-1711), [[Prins fan Oranje]] (1702-1711), steedhâlder fan [[Fryslân]] (1707-1711) en [[Grinslân]] (1708-1711), wie de âldste soan fan [[Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz|Hindrik Kasimir II]] en [[Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau|Henriëtte Amalia]].
 
==Libben==
Nei de dea fan syn heit yn [[1696]] waard Johan Willem Friso beneamd as foarst fan Nassau-Dietz en [[steedhâlder]] fan [[Fryslân]] en [[Grinslân]]. Omdat er noch minderjierrich wie fungearre syn mem oant [[1707]] as regintes. As ienich erfgenamt fan syn efterneef steedhâlder [[Willem III fan Oranje-Nassau|Willem III]] krige hy yn [[1702]] de titel [[Prins fan Oranje]] derby.
 
===De Spaanske Suksesjekriich===
As Generaal fan it Staatsleger die Johan Willem Friso mei oan de [[Spaanske Suksesjekriich]]. Troch in misferstân tusken him en de Britske kommandant, [[John Churchill|Marlborough]] ferlearen tûzenen Nederlanners it libben yn de [[slach by Malplakwet]] op 11 septimber 1709. Lykwols behelle hy yn dizze bluodderige fjildslach de oerwinning.
 
Op [[14 july]] op wei nei De Haach foar besprekkings oer in erfkwestje, kaam de doe 23-jierrige Johan Willem Friso troch ferdrinking om by it oerstekken fan it [[Hollânsk Diep]] by [[Moerdijk]] nei [[Strijensas]]. Koart dêrnei op 1 septimber [[1711]], waard syn soan [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Willem IV]] berne. Op [[25 febrewaris]] [[1712]], goed 7 moannen nei syn dea, waard Johan Willem Friso begraven yn de Grutte of Jakobinertsjerke yn [[Ljouwert]].
 
==Houlik en bern==
Johan Willem Friso troude op [[26 april]] [[1709]] mei [[Maria Louise fan Hessen-Kassel]] (1688-1765). Ut dat houlik waarden twa bern berne:
* [[Amalia fan Nassau-Dietz (1710-1777)|Anna Charlotte ''Amalia'']] (1710-1777),
* [[Willem IV fan Oranje-Nassau|''Willem IV'' Karel Hendrik Friso]] (1711-1751)
 
{{stobbe-skiednis}}
 
[[de:Johann Wilhelm Friso (Nassau-Dietz)]]