Alemannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: sq:Alemanët
Rigel 13:
Yn 406-407 koenen de Allemannen, doe't de [[Ryn]]-[[Donau]]-[[limes]] troch ferskate swierrichheden yn it Romeinske Ryk net langer beskerme wurden koe troch it grinsleger, suver ûnbehindere East-[[Galje]] besette. De Romeinen besochten om'e nocht troch it sluten fan nije bûnsmaatskippen it ferlies oan grûngebiet te beheinen. Yn de [[5e ieu]] bleaunen de Allemannen wenjen yn Súd-[[Dútslân]], [[Switserlân]] en de Elzas.
 
Op de ein fan de 5e ieu hienen de Allemannen harren feriene ûnder lieding fan ien kening. Dizze besocht fet te krijen op de omkriten fan [[Keulen]], wêr't doe de [[Ripuaryske Franken]] wennen en foel yn [[496]] harren oan. De Ripuaryske kening [[Sigebert]] koe it allinnich net oan en rop de help yn fan [[Klovis]], de kening fan de [[Salyske Franken]], om de ynfallers te kearen. It kaam ta in fjildslach by [[Slach by Tolbiak|Zülpen]]. De feriene legers fan de Franken brochten dêr de Allemannen nei in wikseljend kriichsferrin in ferneatigjende nederlaach ta. De Allemannen sloegen op de flecht en de Franken lutsen plonderjend it ryk fan de Allemannen yn. Yn [[506]] foel Klovis as lieder fan in Frankysk leger it gebiet fan de Allemannen yn en fersloech harren opnij. De [[OstragoatenOstrogoaten|OstragoatyskeOstrogoatyske]] buorren ûnder lieding fan kening [[Diderik de Grutte]] skeaten de Allemannen diskear te help. De Franken besetten doe it noardlik part fan it Allemaanske ryk. Harren ryk bleau lykwols net lang mear bestean. Yn [[536]] waard it hielendal beset troch de Franken en ûnder Frankysk gesach pleatst. Der wie in ein kaam oan de selsstannigens fan de Allemannen. Under Frankysk gesach bleau der wol in satellytsteatsje [[Allemaanje]] bestean.
 
[[kategory: Germaansk folk]]