Wigle fan Aytta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
pear tikfaterkes
Rigel 1:
[[Ofbyld:Viglius van Aytta.JPG|thumb|200px|right|''Viglius'']]
'''Wigle fan Aytta fan Swichum''', út it Frysk latinisearre ta '''Viglius ab Aytta Zuichemus''' ( [[Swichum]], [[19 oktober]] [[1507]] – † [[Brussel (stêd)|Brussel]], [[8 maaie]] [[1577]] ), wie in foaroansteand Nederlânsk steatsman, dy't benammen as rjochtsgelearde grutte namme makke hat. HYHy wie in treflik legist en benammen in fûleindich ferdiger fan it [[katolisisme]], mar ek [[Humanist]] yn de styl fan [[Desiderius Erasmus|Erasmus]], dy't er persoanlik koe.
 
==Biografy==
Viglius makke opgong op grûn fan syn bekwaamheden, net op grûn fan komôf en berte. As Fryske boeresoan, studearre hy Letteren en Rjochten yn [[Leuven]], [[Dole]], [[Avignon]] en [[Valence (Drôme)|Valence]]. Ek nei syn stúdzjes hâlde hy ta yn de universitêre fermiddens fan Frankryk, de DútseDútske lannen, Switserlân en Itaalje, wêr't hy wittenskiplike relaasjes hie mei ferskate gelearden. Hy waard dosint yn de rjochten yn [[Padua (stêd)|Padua]], en tusken 1535 en 1541 wie hy efterinoar lid fan it [[Rykskeamergerjocht|Reichskammergericht]] yn [[Speyer]] en heechlearaar (rjochten) te [[Ingolstadt]].
 
Yn [[1541]] waard hy troch [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] beneamd as lid en yn [[1549]] sels ta foarsitter fan de ''[[Geheime Ried]]'' yn Brussel. Boppedat waard hy yn [[1543]] ek lid fan de [[Grutte Ried fan Mechelen]] en yn [[1554]] foarsitter fan de ''[[Ried fan Steate]]''. As ien fan de meast foaroansteande juristen fan it destiidske EuropaJeropa wie hy it brein fan it Habsburchske regearingsapparaat yn Brussel. Nei de dea fan syn frou krige Viglius de ambysje om ta proast fan it [[Gint]]ske Sint-Baafskapittel beneamd te wurden, en om dy reden liet hy him troch kardinaal [[Antoine Perrenot de Granvelle|Granvelle]] yn [[1562]] ta pryster wije.
 
Viglius wie in trou tsjinner fan kening [[Filips II fan Spanje|Filips II]], wat net weinimt dat hy ek krityk op de polityk fan de kening en benammen op dy syn religjeuze ûnferdraachsumens, mar kruskearre hat er de kening nea. By de ôfkundiging fan de ''"Matiging"'' troch [[Margaretha fan Parma]] betoande Viglius him in foarstanner fan de foarstelde maatregels. Mei [[Fernando Álvarez de Toledo|Alva]] koe hy lykwols minder goed opsjitte: wol hie hy in grut oandiel yn dy syn ''Criminele Ordonnantie'', mar ûnder mear troch syn pleidoai foar ôfhâldendheid yn de ketterfervfolging[[ketter]]ferfolging, syn relaasjes mei "fertochte" humanisten en syn fûleindich ferset tsjin de "[[Tsiende Penning]]" helle hy him Alva's hate op'e hals. Yn [[1569]] gie hy ôf as foarsitter fan de ''Geheime Ried'', mar bleau foarsitter fan de ''Ried fan State''.
 
Yn 1569 stifte hy te Leuven it Vigliuskolleezje.
 
As einferantwurdlike foar de tapassing fan de keizerlike ketterijplakkaten pleite Viglius foar in reedlike útfieringspraktyk. Hy ferwachte mear fan oertsjûging mei reedlike (en neffens him superieure) arguminten as fan it brûken fan de rûge bile. Viglius hold him oan [[Erasmus]]' advys, dy't him ea persoanlik oanrikkemandearre hie it foarbyld fan in stjerrende te folgjen, dy't op de fraach fan de duivelduvel wat hy leaude, sein hie: „Wat de tsjerke leaut.” En op de fraach wat de tsjerke leaude, sei: „Wat ik leau.”
 
== Wurken ==