Pelota: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 4:
It spul wurdt spile mei hurde massive gummybal. Dêrby wurdt de bal mei de bleate han (''Pelota mano'') as mei in want (''Pelota Vasca'') yn ien-tsjin-ien as mei meardere spilers ôfwikseljend tsjin de frontmuorre slein. De keatsbaan is ôfhinklik fan de variant dy't spile wurdt, tusken de 35 oant 60 meter lang en oant 15 meter breed. It fjild wurdt oan trije kanten begrinzge troch stiennen muorren. De telling liket in soad op dy fan it Fryske keatsspul en tennis. Yn 'e regel wint it partoer dat as earste 22 punten hellet.
 
De want by Pelota Vasca hat him yn ferskillende regio's ferskillend ûntwikkele. Fan in ienfâldich slachhout (''Pala'') ta de meast ekstreme foarm, de Cesta, in flochten healrûne ferlinging fan de earm wêryn de bal opfongen wurdt en yn deselde beweging mei hege snelheid wer nei de muorre slingere wurdt. Mei dat materiaal is yn Amerika it saneamde [[Jai Alai-alai]] ûnstien, de [[balsport]] wêrby de ballen de heechste snelheid helje (oant boppe de 300km yn it oere).
 
[[de:Pelota]]